"SC Hearrenfean woe PC yn Abe Lenstra Stadion"

04 aug 2021 - 09:13

PC-foarsitter Ids Hellinga hat de 168e PC-dei iepene mei de tradisjonele taspraak. "Hjoed is it PC-firus sterker as hokker krêft yn de wrâld ek", sei Hellinga, dy't dêrmei doele op it net trochgean fan de 167e PC ferline jier.

De iepening fan de 168e PC-dei:

De PC hat dit jier alles op alles set om de wedstriid trochgean te litten. Dêrby krigen se ek help út in ûnferwachte hoeke, sa liet Hellinga yn syn taspraak witte. "Yn de maitiid wie it in skoftke sa dat allinnich by fuotbalwedstriden publyk oanwêzich wêze mocht", sei de foarsitter.

"Doe hat SC Hearrenfean ús oanbean, dat as it yn augustus net mooglik wêze soe om mei publyk te keatsen, sy de mooglikheid biede woene om de 168e PC te ferkeatsen yn it stadion."

'Se komme, se skite en se ferdwine'

Mei seis keatsers mei in boere-eftergrûn op 'e list, woe Hellinga it yn syn taspraak graach opnimme foar de Fryske boeren. "It liket hjoed wol dat de noas oplutsen wurdt foar de lânbou. Dat we ús skamje moatte foar it feit dat we de twadde eksporteur fan lânbouprodukten binne, fan iten nota bene", seit Hellinga.

"Litte we ús boeren wer omearmje. Lit harren de slach om de romte winne en dêrmei de garânsje foar it behâld fan ús lânskip. Yn stee fan huzen te bouwen foar forinzen út de Rânestêd wei, dy't hjir komme as seekobben. Se komme, se skite en se ferdwine."

PC-foarsitter Hellinga oer de lânbou:

Reinbôgeflagge komt net werom

Hellinga gie yn syn taspraak ek yn op de reinbôgeflagge op it Sjûkelân, dy't laat ta in protte diskusje. "Dat jout it belang fan dizze flagge oan. It sil in ienmalige aksje wêze", sa seit de foarsitter.

Neffens Hellinga stiet de Fryske flagge ek foar ynklusiviteit. "Boppedat alle sân pompeblêden wize deselde kant út. Lit ús fan ús eilantsje ôfkomme en de ferbining mei inoar sykje", sa sei Hellinga.

PC-foarsitter Hellinga oer de reinbôgeflagge:

Online is de PC de hiele dei te folgjen, yn in liveblog op de webside en yn de app fan Omrop Fryslân.

Op telefyzje dogge we fan 14:00 oere ôf ferslach fan de wedstriid. Op de radio binne de hiele dei troch alle hichtepunten live te hearren.

Trefwurden: 
Frjentsjer PC Ids Hellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)