PC-OERSJOCH: Van der Bos, Triemstra en Zijlstra winne de PC

04 aug 2021 - 18:45

Omrop Fryslân folge de hiele dei alles op en om it Sjûkelân, dêr't de 168e PC holden waard. Lês hjir alles werom.

18:43
Ein fan de liveblog: Van der Bos, Triemstra en Zijlstra winne de 168e PC en Erwin Zijlstra is Kening

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hawwe woansdei de 168e edysje fan de PC wûn. Op It Sjûkelân yn Frjentsjer wiene sy mei 5-2 6-6 te sterk foar Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Mei de huldiging waard Erwin Zijlstra ta Kening útroppen.

Lês hjir de earste reaksjes fan it winnende partoer:

Taeke Triemstra, kening Erwin Zijlstra en Gert-Anne van der Bos - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
17:03
Foarsitter Hellinga, wa giet der winnen?

Foarsitter Ids Hellinga fan de PC doart him net te weagjen oan in foarsizzing oer de winner. "Sis it mar. Faak komme foarsizzingen net út. Wy hiene graach wol wat spannendere partijen sjen wollen, soks is fansels ôfhinklik fan de lotting. Mar ik tink wol dat wy in spannende finale te sjen krije."

Ids Hellinga - Foto: Omrop Fryslân

Hellinga fynt dat de dei 'geweldich' ferrint. "Wy hiene yn 't foar de measte soargen oer de QR-koaden. Mar it is prachtich gien. Ik hear allinne mar positive lûden, ek fan de helptsjinsten. En de keatsers hawwe hjir al sa lang nei út sjoen."

16:42
Lêste finalepartoer bekend

Njonken it partoer fan Bergsma is ek it lêste finalistepartoer bekend. It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hat mei 5-3 6-6 wûn fan Paul Dijkstra, René de Haan en Gerben de Boer. It partoer fan Dijkstra focht noch troch oant de ein, mar kaam dochs tekoart.

Sa sjocht it spulskema der út krekt foar de finale (klik hjir foar de grutte ferzje):

Foto: Omrop Fryslân
16:34
Oanmoedigjen Drent mei de pet giet goed

Boargemaster Ina Sjerps is yntusken heas fan in oanmoedigjen fan keatser Dylan Drent, dy't út har gemeente Harns komt. Neffens Sjerps set sy mei alle leafde de pet op om de 'striid' tusken de buorgemeenten goed te meitsjen. "Bij elke wedstrijd die Dennis speelt, heb ik de pet op. Het gaat tot nu toe goed. Het is wel heel spannend, hoewel hij elke keer met grote overmacht wint."

16:04
Update fan it spulskema

As de ôfbylding net goed te sjen is, klik dan hjir:

Foto: Omrop Fryslân
15:52
Partoer Bergsma wint earste heale finale

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra wint de earste heale finale tsjin Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar mei 5-1 6-4.

15:35
1e omloop yn byld

Sjoch hjir foar in gearfetting fan de earste omloop:

Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC liveblog
(Advertinsje)
(Advertinsje)