Ofspraken makke oer besikerssintrum en eksposysjes by terp Hegebeintum

03 aug 2021 - 21:43

Stichting Terp Hegebeintum, Wetterskip Fryslân, Stichting Alde Fryske Tsjerken en It Fryske Gea hawwe in ferklearring tekene om yn te stean foar de takomst fan de terp yn Hegebeintum en it nije ynformaasjesintrum, dat op 10 augustus iepene wurdt. Alle organisaasjes hawwe dêr finansjeel oan bydroegen.

De terp fan Hegebeintum op argyfbyld - Foto: Shutterstock.com (Marc Venema)

Fan novimber ôf sille de organisaasjes ek wikseljend in eksposysje pleatse yn it sintrum. De bedoeling is om de besikers fan it erfgoed it ferhaal mei te jaan fan de wetterskipsbehearsking, de grêfkultuer yn it ferline, de natuer yn de omkriten en de feroarjende lânskippen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)