Binnendoar-attraksjes profitearje fan kwakkelsimmer en ferrommingen

03 aug 2021 - 19:53

It is drok by de binnendoar-attraksjes yn Fryslân: troch it minder moaie waar, mar ek omdat minsken der nei de lockdown graach wer op út wolle. Sûnt begjin juny mei dat wer, al is it noch wol mei wat beheiningen.

Foto: Wikimedia Commons

Sander Hakbijl fan De Bios yn Drachten fertelt dat minsken de bioskoop noch te finen witte. "Op dit stuit giet it wol goed mei de besikersoantallen. Dat hat ek te krijen mei it ûnstabile waar. Minsken fine it noflik om der efkes út te wêzen en wat mei-inoar te dielen. Wy kinne noch wol mar mei beheinde kapasiteit draaie."

Direkteur Sander Hakbijl fan De Bios yn Drachten

Dochs is it noch lang net safier dat de skea fan de lockdown ynhelle wurdt. "Wy draaie noch ûnder de gewoane besetting. Nei alle gedachten hawwe wy noch wol twa oant trije jier nedich om de efterstannen yn te heljen. In pear kear yn it jier hawwe je wol in blockbuster nedich."

It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

By it Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert sjogge sy ek in tarin fan minsken. Dêr giet it allinne net om rekreanten út Fryslân, mar it meast om besite út de oare parten fan it lân. "Miskien moatte wy it no wol hawwe fan de net-Friezen. De mearderheid komt tink ik bûten de provinsje wei. Dy minsken fine ús fia folders en fia ynternet," sa fertelt Nelleke Meindertsma fan it museum.

Nelleke Meindertsma fan it Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert

Sy is der tefreden mei. "Sûnt de fakânsjeperioade krije wy in soad toeristen oer de flier." It museum wachtet ek op de wyk Middelsee, dy't om it museum hinne boud wurdt. "Sa't it no stiet komme der sa'n 3.000 wenten, der komt in skoalle njonken it museum. Wy tinke wol dat wy dêr profyt fan hawwe sille."

Foto: Speelbos Joure

By de binnenboarterstún Speelbos Joure op De Jouwer binne njonken de bern mar 50 folwoeksenen wolkom. Wol in beheining, seit Ronald Sol. "Maar het loont, dus we zijn al lang blij. Dat er wat meer volwassenen komen, is voor ons wel beter. Want zij nemen bijvoorbeeld weer duurdere dingen af bij de horeca."

Ronald Sol fan Speelbos Joure op De Jouwer

Lyk as de bioskoop moat ek Speelbos Joure it fan min waar hawwe. Wat dat oanbelanget helpt de simmer fan 2021 wol, al bliuwt de beheining fan 50 folwoeksenen noch wol. "Dat is wel zuur, maar het kan altijd wel erger. We zijn ruim een halfjaar dicht geweest met de lockdown, dus we zijn hier al heel blij mee."

(Advertinsje)
(Advertinsje)