In lijerich bestean yn de evenemintebrânsj: nije regels de safolste klap

03 aug 2021 - 19:05

De nije coronamaatregels binne de safolste klap foar de evenemintebrânsj. Moandei waard bekend dat der maksimaal 750 minsken by in evenemint komme meie. In soad organisaasjes lûke de stekker út harren eveneminten en aktiviteiten.

De evenemintebrânsj hat flink te lijen fan corona:

Der wurde ferskate doarpsfeesten skrast. 750 besikers op syn meast is net rindabel. Wiersma Partyverhuur yn Ljouwert sjocht dizze simmer alle ynkomsten ferdampen. Gewoanwei binne se alle dagen op 'en paad, mar no stean de frachtweinen al hast twa jier stil.

Tintferhierder Jan Watze Wiersma

"Moandei hawwe wy by de PC yn Frjentsjer west om pear tintsjes op te bouwen. Lang net wat wy oars diene, mar wy wiene bliid dat wy wer efkes wat dwaan mochten," seit Jan Watze Wiersma. "Gewoanwei bouwe wy ferskate feesttinten, mar no is dat wol oars. It is rêstich, dat is hiel spitich. Eins went it net."

In feal bestean

It kin lang net út, fertelt de tintferhierder. "Mar wy besykje om de holle safolle as mooglik boppe wetter te hâlden. It kin aldergeloks mei wat stipe út Den Haag wei, en it feit dat wy noch wat leverje kinne oan faksinaasjetinten en tinten foar 'testen voor toegang.' It stiet net yn ferhâlding, mar dêrtroch kinne wy noch bestean bliuwe."

Jan Watze Wiersma - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ien fan dy doarpsfeesten dy't net trochgeane is de Sint-Nykster Merke, gewoanwei it hichtepunt fan it jier foar de ynwenners fan Sint-Nyk. De Allegoaryske Optocht wie al skrast, om't buerten moannen dwaande binne mei weinbouwe en dat earder al net koe.

"Je moatte gewoan"

De Merke soe yn it earste wykein fan septimber hâlden wurden. Mar de organisearjende VVV sjocht dat net sitten, seit foarsitter Christiaan Hoekstra. "Wy hawwe yn petear west mei Veiligheidsregio Fryslân, de gemeente en de plysje. Earst like it hiel aardich, mar neffens de lêste berjochten is it net mooglik om tûzenen minsken yn Sint-Nyk ta te litten om in bierke te drinken."

De Sint-Nykster Merke (argyfbyld) - Foto: Omrop Fryslân

Dêrom is moandei de beslissing fallen. "Op in gegeven momint dan moatte je gewoan. Wy hiene de deadline op 15 augustus stean, mar mei dy nije regels hawwe wy it berjocht der gewoan útsmiten," seit Hoekstra.

Unanym iens

It bestjoer fan 14 man wie it unanym iens. "Wy binne as VVV ferantwurdlik foar de fergunningen, wy wolle it kontakt mei de gemeente ek net te grabbel smite. Mar wy sjogge foarút: yn 2022 komme wy dûbeld sa hurd werom."

(Advertinsje)
(Advertinsje)