Grutte fraach nei knine-opfang: "Op dit stuit gjin pensjon mear te finen"

03 aug 2021 - 18:16

It is by de kninen ôf, soene je der oer sizze kinne. Knine-opfangen komme op dit stuit om yn it wurk. "Wa't op dit stuit efkes in knyn kwyt wol, kin net in pensjon mear fine", seit Marijke Oevering-Taekema, fan 'Konijnenopvang Marijke' yn Eastermar. De opfang sit grôtfol troch de fakânsje en troch it massale ôfstean fan kninen.

Marijke Oevering op argyfbyld - Foto: Omrop Fryslân

"Tink der goed oer nei foar't je oan in knyn begjinne. En as je fuort moatte, freegje dan oaren om efkes op te passen. Want it duorret wol wer efkes foar't der plak is yn de opfang". Mei dy rie komt Oevering foar knineleafhawwers.

Utstel oant nei de fakânsje

By har opfang merkt sy ek dat der in soad minsken binne dy't wer fan harren kninen ôf wolle. "Wy besykje it út te stellen oant nei de fakânsje, sa't it mei it pensjon wol trochgean kin. Dat slagget net altyd, want de diere-ambulânse komt hjir ek faak kninen bringen. Itselde jildt foar spoedsituaasjes. Dus it sit hjir echt grôtfol."

250 kninen it jier

It haaddoel fan de opfang yn Eastermar is yn prinsipe de asylfunksje. "Ik fang dus kninen op dy't in nij plak sykje. Mar it asyl draait wol op frijwilligers. Minsken moatte ôfstânskosten bydrage, mar net alle kninen wurde kreas oerdroegen. Somtiden komme der ek kosten foar de bistedokter by."

Marijke Oevering-Taekema fan Konijnenopvang Marijke yn Eastermar.

Mei it jild dat yn fakânsjeperioaden mei it pensjon fertsjinne wurdt, besiket Oevering it asyl trochdraaie te litten. "Elts jier fang ik in lytse 250 kninen op. De bedoeling is dat dy wer in nij plak krije. Aldergeloks binne der ek noch wol in soad minsken mei belangstelling dy't har goed ynlêze."

(Advertinsje)
(Advertinsje)