Strangere maatregels nei nij coronagefal by Cambuur, dat wol oefenwedstriid wint

03 aug 2021 - 18:18

Der is op 'e nij in coronagefal yn de seleksje fan SC Cambuur. It soarget derfoar dat de klup ekstra maatregels nimt om it firus út de ploech te krijen. Mei de spilers dy't der wol binne, wûnen de Ljouwerters tiisdeitemiddei mei 4-0 fan team VVCS, it team fan spilers sûnder klup.

Foto: Dijks Fotografie

Cambuur docht gjin útspraken oer wa't der corona hawwe, mar dúdlik is dat spits Tom Boere ûntbruts yn de opstelling. Sûnder Boere kaam Cambuur wol goed út de startblokken: nei trije minuten skeat Mees Hoedemakers de 1-0 binnen fanôf de râne fan it strafskopgebied.

Yn it ferfolch fan de earste helte rekken Sam Hendriks en Marco Tol noch de latte, mar de marzje bleaun by ien.

Trainer Henk de Jong makket him soargen

Jamie Jacobs, David Sambissa en Issa Kallon hiene de ôfrûne wiken corona en wiene der tsjin VVCS ek net by. Fan de tribune ôf seagen sy dat harren ploechgenoaten yn de twadde helte útrûnen nei in 3-0 foarsprong.

Nei in oere spylje waard in foarset fan Alex Bangura yn eigen goal wurke troch in ferdigener fan de tsjinstanner en fiif minuten letter skoarde Michael Breij de 3-0. Tsien minuten foar tiid sette Nick Doodeman mei in yntikker by de twadde peal de einstân op it skoareboerd.

Ekstra maatregels

Om derfoar te soargjen dat net noch mear spilers besmet wurde mei it coronafirus, nimt de klup ekstra foarsoarchmaatregels. Sa moatte spilers dy't yn de buert wenje thús dûse en wurdt der gjin gebrûk makke fan de klaaikeamers.

Yn stee dêrfan klaaie de spilers harren om yn it supportershome, om't dêr mear romte is om ôfstân te hâlden. Ek wurde spilers bûten behannele en moatte se bûten útfytse, ûnder in partytinte.

Ik meitsje my wol soargen, mar foaral ek foar dy jonges privee.

Cambuur-trainer Henk de Jong oer syn spilers, dy't corona hawwe

"Wy binne der noch lang net klear foar", sa seit trainer Henk de Jong mei it each op de earste kompetysjewedstriid tsjin FC Grins.

"Wy hawwe eins tsien spilers fan de A-seleksje en dy hawwe wy no allegear mar stean litten, ek op oare posysjes. Mar ik bin bliid dat we njoggentich minuten makke hawwe. Ik meitsje my wol soargen, mar foaral ek foar dy jonges privee. Der binne guon dy't bot siik binne", fertelt De Jong.

Calvin Mac-Intosch oer âld-ploechgenoat Jergé Hoefdraad

Dêrneist kaam tiisdei ek it nijs dat Jergé Hoefdraad, âld-spiler fan Cambuur, op 35-jierrige leeftiid ferstoarn is. Ofrûne wykein waard de fuotballer delsketten yn Amsterdam. Hy spile tusken 2015 en 2017 yn Ljouwert mei ûnder oaren Pieter Bos, Calvin Mac-Intosch en Martijn Barto.

De Jong hat ek mei Hoefdraad wurke. "Dat hat der by ús behoarlik ynhakt. It is in âld-spiler fan my. Dat binne ferskriklike dingen."

De afgelopen dagen gaan langs je heen, je bent er niet echt bij.

Calvin Mac-Intosch oer syn ferstoarne fuotbalfreon Jergé Hoefdraad

Calvin Mac-Intosch kin Hoefdraad al tsien jier en spile meardere jierren mei him. "Het begon bij Telstar en ik heb hier ook bij Cambuur met hem gespeeld. En bij Almere. Daarbuiten zagen we elkaar ook wel regelmatig, met uitgaan bijvoorbeeld. Het is een goede voetbalvriend."

Tiisdeitemoarn hearde Mac-Intosch dat Hoefdraad it net helle hat, nei't er ôfrûne wykein yn Amsterdam delsketten waard. "Het voelt heel raar. Hij was altijd vrolijk en altijd aanwezig. De afgelopen dagen gaan langs je heen, je bent er niet echt bij. Dat is een heel gek gevoel. Als je ergens mee bezig bent, dan denk je er niet aan. Maar zoals ik er nu over praat, komt het wel weer binnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)