Caravans en campers net oan te slepen op dit stuit

03 aug 2021 - 17:28

Campers en caravan binne net oan te slepen. Dit jier is der oant no ta in treddepart mear ferkocht as in jier derfoar. Dêmei folget ús provinsje de lanlike trend.

De fraach is grut op De Gordyk:

Mear as 6.500 nije caravans en 2.400 campers binne der yn Nederlân al ferkocht. Dat is no al hast likefolle as yn 2020, dat ek al in rekôrjier wie. Fan de brûkte caravans en campers binne der lanlik 23.000 en 11.000 ferkocht. Troch de útbraak fan it coronafirus sykje minsken nei in oare wizen fan fakânsjefieren.

Taekema Campers op De Gordyk sjocht de fraach yn brûkte campers bot tanimmen. Lei by harren de ferkeap fan campers foar corona tusken de 80 en 200, no tinkt Jannes Taekema fan it bedriuw dat der dit jier wol 280 campers ferkocht wurde.

Trefwurden: 
caravan camper coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)