Grutte krapte yn de hoareka: "Personiel út Spanje is net in oplossing"

03 aug 2021 - 19:14

Der is grutte krapte oan personiel yn de hoareka. "It moat net sa wêze dat wy hoarekapersoniel út Spanje wei helje moatte", seit foarsitter Piet Fortuin fan it fakbûn CNV. Dochs is it probleem foar in part oan de sektor sels te witen, tinkt hy. It lean is te leech, it perspektyf yn de sektor is te min en der is te min ynvestearre.

Foarsitter Piet Fortuin fan CNV Vakmensen - Foto: Omrop Fryslân

Fakbûnen skowe de kommende moannen oan tafel foar in nije hoareka-CAO. "De hoareka is ien fan de sektoaren dêr't it minste betelle wurdt yn Nederlân. By de CAO sitte in soad leannen op it minimumnivo fan 10-11 euro de oere", leit Fortuin út. "Foar de krystdagen moat der in nije CAO lizze. It is in minimum-COA, bepaald op it minimumlean."

Coronakrisis

Troch it coronafirus is de krapte oan minsken pynlyk oan it ljocht kaam. "De coronaperioade hat leart dat in soad minsken dy't yn de hoareka wurken op in oar plak har heil socht hawwe. By de GGD bygelyks."

Net foar in tientsje oan it wurk

Om se dan werom te krijen yn de hoareka dat slagget samar net. Fortuin: "It hat alles te krijen mei fraach en oanbod. As je earne oars mear fertsjine kinne, geane je net wer foar in tientsje oan it wurk." En yn oare sektoaren lykas de technyk, bou en detailhannel kinne se ek wol personiel brûke.

Karriêremooglikheden

Net allinne it salaris is in knipepunt, ek de karriêrekânsen. "It hat mei ynstream te krijen: minsken kieze minder foar hoareka-opliedingen. De ûntwikkelmooglikheden yn de hoareka binne op dit stuit leger."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De oantreklikens fan it fak moat better, fynt Fortuin. "It perspektyf op de lange termyn moat better wêze: minsken moatte ek yn de hoareka karriêre meitsje kinne. As je dat net dogge, bliuwe je ek it leechste punt yn de arbeidsmerk. Dan is it swier om minsken te krijen."

Foarsitter Piet Fortuin fan CNV Vakmensen

(Advertinsje)
(Advertinsje)