Plysje: Ald-Cambuurspiler Hoefdraad asnoch ferstoarn nei sjitynsidint yn Amsterdam

Ald-Cambuurspiler Jergé Hoefdraad (35) is om it libben kaam. Hy ferstoar oan ferwûnings dy't er oprûn by in sjitynsidint yn Amsterdam.
© ANP
Hoefdraad spile tusken 2015 en 2017 by SC Cambuur. Hy soe tuskenbeide kaam wêze by in rúzje op in feest yn Amsterdam. Ien fan de minsken dy't dêrby belutsen wie, soe op him sketten ha.
De plysje fan Amsterdam melde in dei earder ek al dat Hoefdraad ferstoarn wie. Dêr kamen de plysjes letter op werom. Se ha de famylje ekskús oanbean.
Hoefdraad ferstoar tiisdeitemoarn yn it sikehûs, meldt de plysje no.
De plysje hat in fertochte oanholden. It giet om in 34-jierrige man, dy't yn byld kaam nei ferkearringen fan tsjûgen.