Surfers rêde swimmers yn need út Noardsee by It Amelân

In pear swimmers binne moandeitejûn yn 'e problemen kaam yn de Noardsee by It Amelân. De Kustwacht krige flak foar njoggenen in needoprop binnen en sette fuortendaliks grut yn.
© De Vries Media
Ien fan de swimmers hie grutte muoite om wer op it strân te kommen. De rêdingboaten fan It Amelân en Lauwerseach waarden oproppen en ek de Rescue helikopter waard alarmearre, mar dy hoegden úteinlik net yn aksje te kommen. De man waard út it wetter rêden troch twa surfers, dy't ek ûnderfining as strânwacht ha.
De swimmers wienen de see yngien by ôfgeand wetter. "De actie had niet veel langer op zich moeten laten wachten, want de man was zichtbaar uitgeput toen hij aan land kwam", sei in tsjûge op it strân fan Nes.
Gemeente Amelân warskôget op sosjale media foar de gefaren fan de Noardsee. Dat docht de gemeente net allinne yn it Nederlânsk, mar ek yn it Dútsk. Ferline jier ferdronk op hast itselde plak in 14-jierrich famke út Dútslân.