"Plysjes meie net samar in wapen lûke, lit stean sjitte"

03 aug 2021 - 12:56

De plysje is yn Ljouwert al de hiele dei dwaande mei in spoare-ûndersyk yn de buert fan de Borneostrjitte. Dêr is in man oanholden dêr't plysjes earder op sketten ha.

Foto: Kappers Media

It sjitynsidint wie moandeitejûn. Plysjes ha doe meardere kearen sketten op in man dy't mei in wapen in snackbar oerfallen hawwe soe. Neffens tsjûgen is der meardere kearen sketten. De fertochte is oanholden.

Plysjes ûndersykje ûnder oaren in auto dy't troch kûgels rekke wêze soe, en der is ek in drone yn de loft.

Alle lûken ticht

De ryksresjerzje docht ûndersyk nei it optreden fan de plysje. Dat is altyd sa as plysjeminsken op ien sketten ha, seit ferslachjouwer Hayo Bootsma.

Foto: ProNews

Der binne noch in protte fragen, mar no't de ryksresjerzje de saak ûndersiket, komme der fan de plysje gjin antwurden.

"By de plysje geane no alle lûken ticht", seit Bootsma. "Ik ferwachtsje noch wol dat der in ferklearring komt fan de plysje, mar hiel grut sil dy net wêze."

Sjitynstruksje

Plysjes meie net samar it wapen lûke, lit stean op ien sjitte, seit Bootsma. "Op filmkes is te sjen dat plysjes gericht sketten ha op de fertochte. De ryksresjerzje moat no ûndersykje oft dat rjochtmjittich wie."

De plysje hat in sjitynstruksje, seit Bootsma, dêr't yn stiet wannear't in plysje op ien sjitte mei.

Dit is in diel fan de sjitynstruksje fan de plysje:

Het gebruik van een vuurwapen, niet zijnde een vuurwapen waarmee automatisch vuur of lange afstandsprecisievuur kan worden afgegeven, is slechts geoorloofd:

om een persoon aan te houden ten aanzien van wie redelijkerwijs mag worden aangenomen dat hij een voor onmiddellijk gebruik gereed zijnd vuurwapen bij zich heeft en dit tegen personen zal gebruiken;

"It is in ekstreem middel", seit Bootsma. Hy wiist derop dat op filmkes te sjen is dat de fertochte it wapen yn de hân hie, en dat der tsjûgen binne dy't sizze dat er ek sketten hat.

De fertochte is mei in ambulânse ôffierd. It is noch net dúdlik wat him presys te lêste lein wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)