Simmerblog: Simmer yn Starum

03 aug 2021 - 18:23

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Wy binne hjoed yn Starum.

  • De stêd hat trije nammen: yn Fryslân sizze we Starum, yn Hollân Stavoren, en yn Staveren Staveren;
  • Yn de slûs is it drokker as normaal, en dat komt troch it waar;
  • Benammen âldere ynwenners steure har oan de grutte wynmûnen fan Wynpark Fryslan.
17:39
Ein fan dit simmerblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Moarn binne we der net, want dan binne al ús ferslachjouwers op de PC yn Frjentsjer.

PC Frentsjer fan 2017 - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tongersdei binne we op De Lemmer.

Wa't witte wol wêr't we de kommende tiid noch mear binne, kin dat hjir besjen. En foar wa't wat mist hat, of nochris neilêze wol: alle simmerblogs binne hjir te finen.

17:37
Simmer yn Starum

Noch de hiele jûn is it programma Simmer yn Fryslân by ús te sjen op telefyzje, alle oeren om kertier oer it hiele oere. En wa't net wachtsje kin, kin de útstjoering hjirûnder ek sjen.

17:27
Farre mei famylje

Arjen beslút de dei op it wetter. "Ik sit oan board fan in pream, dêr't rûnfearten mei dien wurde."

Wiep Wierda sit oan it helmhout. "We farre benammen mei groepen en famyljes. Se kinne my bestelle wêr't se my mar ha wolle."

"We binne krekt noch even by de boat fan Huib delfearn", seit Arjen. "Dy boartet dêr noch mei syn modelboatsjes. Sa farre we by de hiele dei del."

Wiep docht net allinne rûnfearten, mar hy makket ek muzyk. Hy woe graach dat Arjen even meisjonge soe.

Arjen yn de pream

16:53
Alles yn de roas

Moarns betiid wie Johanna by de bôgesjitters. "It is hiel frjemd. Ast 'm los litst, witst al datst 'm rekkest. En ast 'net rekkest, witst it ek."

16:04
It lytste frachtskip fan Fryslân

Ald-skipper Huib Heemskerk hat it binnenskip neiboud, dêr't er earder sels mei fearn hat. No kin hy it skipke op ôfstân bestjoere.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

"Dat trekt een hoop bekijks", seit Heemskerk. "De mensen vinden het wel mooi, denk ik."

Heemskerk bout de skippen sels. "Ik bouw ze niet op schaal, maar ik maak een model van taartdozen. Dat zet ik met tape in elkaar. En als de zeeg dan goed is, haal ik het uit elkaar, en dan knip ik het met een blikschaar uit. Op het oog."

It is moai boartersguod, seit Heemskerk. Mar soms giet it mis.

"Ien kear wie de akku leech, doe moast ik mei de bleate kont it wetter yn om him wer werom te heljen!"

Arjen oan de wetterkant

15:55
"De snelheid is it moaiste"

By de slûs steane stekken, want de boaten lûke in protte publyk, seit Arjen. "Minsken fine it moai. Der is ek in terraske. Minsken komme hjir op de fyts, of mei de motor."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Robert en Jesse (13) komme út Haskerhoarne. "De snelheid fyn it it moaiste", seit Jesse. Syn heit Robert rydt graach troch, mar yn Starum steane se stil. "Het is een lust om te zien wat er hier door de sluis gaat."

De reis giet aanst wer fierder, nei Warkum, of Harns. Mar no even net, seit Robert. "We waren toe aan een kleine versnapering. Even wat drinken, en een bitterballetje erbij. Heerlijk!"

Arjen praat mei de motorriders

15:43
Geheime koades fan de slúswachter

De slúswachter hat in briefke foar him. Der steane letters op, en streepkes. NW, NO, ZW, ZO. Arjen begrypt it net.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De slúswachter leit it út. Op it briefke hâldt de slúswachter by hoefolle boaten oft der foarby komme. "Normaal doen we dat op een tablet, maar die ligt er even uit."

De letters binne ôfkoartingen, seit er. "We hebben hier twee sluizen. N is de noordelijke, en Z is de zuidelijke. En de schepen kunnen twee kanten op geschut worden: naar het westen, en naar het oosten."

15:38
Nei bûten en nei binnen

Benjamin Bouma is slúswachter. Hy hâldt de skermen yn de gaten. Fan beide kanten komme skippen oan, en de brêge by Warns moat er ek betsjinje.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Moarns wolle se hast allegearre nei bûten ta, seit Bouma, "en 's middags gaan ze weer naar binnen." De boaten geane net echt nei binnen, begrypt Arjen.

"Nei bûten is de Iselmar op, en nei binnen is Fryslân wer yn."

15:38
In ponton mei bier

Arjen is no op de slûs. "Der fart in feestponton mei kratten bier en in oranje caravan de slûs yn", seit er. "Se komme Fryslân ûnfeilich meitsjen."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

"Dit is wel heel veel bier voor één sluis", seit de slúswachter. "Zo te zien hebben ze het heel gezellig. Maar het kan nog veel gekker."

"We zien elk jaar wel groepen vrienden die er wat leuks van willen maken op het water. En dat moet ook kunnen."

It is behoarlik drok, foar in tiisdei, seit de slúswachter. "Dat komt door het weer. Dat is nu vrij stabiel, en worden geen buien verwacht."

Arjen Bosselaar is op de slûs fan Starum

13:33
Blikjes

"Je moatte de blikjes ynsnije, en dan omteare, en dan komt der in ring omhinne." Dat seit Anja Wouda. Se makket opfallende blikjes. We ferkeapje se, en de opbringst giet nei it museum.

De blikjes komme út in spesjale jiskebak, mei in blikjegat deryn. Dy stiet by de fiskkream, op de slús. Mar minsken smite der ek wolris oare saken yn, seit Wouda.

"Se smite der ek faak oar ôffal yn, mei de saus der noch by. Dus ik nim se mei nei hûs, en ik sop se allegearre ôf. It wie eins in hobby, mar it begjin hieltyd mear op wurk te lykjen."

Arjen by de wurkbank

(Advertinsje)
(Advertinsje)