"Ik zag opeens iemand met een wapen in zijn hand"

03 aug 2021 - 10:05

Ynwenners fan Ljouwert binne moandeitejûn bot skrokken, doe't se plysjes op in man sjitten seagen. It is net dúdlik hoe faak oft der sketten is. "Op een gegeven moment ben ik opgehouden te tellen", seit in omwenner.

"Ik zag opeens iemand met een wapen in zijn hand"

"Ik zat lekker rustig in mijn achtertuin, en opeens hoor ik allerlei knallen achter elkaar. Het was geen vuurwerk, dat kon ik meteen horen", seit in man.

"Toen zag ik opeens iemand met een kapot shirt lopen, met een wapen in zijn handen, en een handvol agenten er achteraan. Dan schrik je toch even. Het is maandagavond, je verwacht zoiets niet."

De plysje fan Ljouwert hat meardere kearen sketten op de fertochte. Om 22.00 oere hinne is de fertochte oanholden. De man rekke ferwûne en is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Foto: CAMJO Media

In frou dy't in eintsje fierderop stie, is bot skrokken. "De kogels vlogen hier in het rond", seit se. "Ik was helemaal in shock."

Neffens de frou is de man meardere kearen op syn liif rekke. De plysje kin dat noch net befêstigje. It iennige wat de plysje tiisdeitemoarn meld hat, is dat de fertochte ferwûne rekke wie. In wurdfierder fan de plysje koe net sizze oft de ferwûningen troch plysjekûgels feroarsake wiene.

"Uiteindelijk hebben ze hem gepakt", seit de frou. "Het was heel heftig. We hopen allemaal dat het een goede afloop heeft."

"Het was alsof je in een western zat"

Op sosjale media giene in soad bylden rûn fan de efterfolging. De plysje freget dizze bylden net online te dielen, mar se nei de plysje te stjoeren foar it ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)