Q&A: Dit kinne wy neffens Geert van Tuinen ferwachtsje op de PC
Takom woansdei is it tiid foar de 168e PC yn Frjentsjer. Ferline jier koe it troch it coronafirus net trochgean, mar dit jier wurdt de âldste Nederlânske sportwedstriid fan ien dei wol wer ferkeatst. Wat kinne wy ferwachtsje en wa is favoryt? Wy prate deroer mei ús keatsferslachjouwer Geert van Tuinen.
Ferline jier gjin PC: hast it bot mist?
"Ja, ferskriklik. Dy PC-dei is foar my al sûnt 1965 in anker yn it jier. Wy hawwe ferline jier bêst wol in moai alternatyf programma makke op de PC-dei, mar efternei besjoen sizze je: moaie dei, mar it wie it krekt net. Dus bin ik bliid dat der no woansdei wer gewoan keatst wurdt. Ik sjoch der o sa nei út."
De haadklassepartijen binne dit seizoen wûn troch trije partoeren: Bergsma (3), Van der Bos (3) en Steenstra (2) ferdielden de oerwinningen. Stekt der ien boppe-út?
"Om dy trije sil it wol gean, wêrby't ik it partoer fan Bergsma it meast konstante partoer fyn. Marten Bergsma wie snein yn Wytmarsum wat útkeatst, mar sy meitsje op my dochs de bêste yndruk. Bergsma is yn topfoarm. En ferjit dy dekselske ouwe seun Dylan Drent net. Dy stiet op skerp, let mar op. En Kootstra docht gewoan syn wurk. Altyd goed foar genôch kwaliteit."
"It partoer Van der Bos is wif. Benammen tsjin de 'lytsere' partoeren litte sy it tefolle lizze. Van der Bos is de meast wichtige skeakel. As syn opslach goed is, dan wurde dy oare twa ek better. Taeke Triemstra wie yn Wytmarsum wer ekstreem goed. Erwin Zijlstra hat him kreas ûntwikkele dit seizoen en wurdt noch hieltyd better. Mar de opslach fan Van der Bos wurdt de 'bottleneck'."
"Partoer Steenstra hat him noch te min sjen litten. It is by dit partoer wat op en ôf, wêrby't de topfoarm der by Hans Wassenaar en Tjisse Steenstra der noch net (konstant) is. Renze Hiemstra wurdt wat oerslein troch de opslaggers en hat dêrtroch te min ynfloed op it spul. Mar it binne fansels wol PC-keatsers, dus flak se net út. En Hans ferdigenet de keningstitel, hè."
Hokker partoer is in gefaarlike outsider?
"Ik fyn it partoer fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten in echte outsider. Van Zwieten ferrast my as achterynse: Van der Schoot kin foaryn as in bist dominearje en as Enno de slinger hat, is it in prima opslagger."
Chris Wassenaar hat de lêste wiken Jelle Attema oernaam, mar docht op de PC net mei. Hoe spitich is dat?
"Dat soe fansels wol unyk west hawwe. Mei syn 48 jier soe hy de âldste dielnimmer op de PC ea wurde. Dy eare giet no noch altyd nei Hotze Schuil. Dy waard yn 1972 nochris in kear ophelle troch de Marsumers Robert van Wieren en Lammert Breuker. Sy moasten 'De Lange' al efkes in deihier fergoedzje, want ja, Hotze soe in dei oannimmen wurk misse. Sy pakten de tredde priis en it publyk omearme Hotze as fenomeen. Dat wie Chris ek oerkaam."
"Oan de oare kant: Moai dat Jelle Attema wer fit is. En, tink der om, mei Gabe Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar stiet der in uterst taltintfol partoer op fjild. Meist ek as outsider beskôgje."
Steven Koster, Thomas Dijkstra en Jorn Lars van Beem keatsten ferline jier noch op de Freule, mar debutearje no op de PC. Hoe bysûnder is dat?
"Dat is hiel bysûnder, want it kaam noch nea foar dat trije jongeskeatsers yn ien partoer debutearje op de PC. Thomas en Steven steane nije wike wer op de Freulepartij te keatsen. Jorn Lars net, want hy hat de Freulepartij ferline jier wûn mei Dronryp. Wy moatte net ferjitte dat it opskowen fan de leeftiidsgrins by de jonges ek fan ynfloed is."
"Ik bin net sa'n man fan de ranking, mar fan de 'saakkundigen' haw ik begepen dat it partoer op in moaie, linige wize de nedige punten byinoar slein hat. Hoe dan ek: prachtich dat dizze jonge jonges as partoer meidogge oan de PC. Dat is prima foar de útstrieling fan de keatssport, dy't it wol brûke kin."