Nei optocht no ek folsleine Sint-Nykster Merke skrast

03 aug 2021 - 07:18

De Sint-Nykster Merke giet dit jier net mear troch. No't it demisjonêre kabinet de regels foar eveneminten oant 1 septimber oanskerpe hat, is in merke net mear helber. Earder waard de Allegoaryske Optocht al skrast.

De Allegoaryske Optocht yn Sint-Nyk - Foto: Omrop Fryslân

De Sint-Nykster Merke soe op 2 septimber úteinsette, mar de VVV en hoareka tinke as organisaasje net dat der tsjin dy tiid al ferrommingen binne. In merke mei minder besikers of in ferhuzing fan it terrein soene it gefoel fan de merke net te'n goede komme.

Allinne foar de bern wurdt der noch in lyts programma oanbean. De organisaasje hopet dat der op in letter momint noch in alternatyf mooglik is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)