Plysje hâldt fertochte sjitynsidint oan nei klopjacht mei wapens yn Ljouwerter wyk

02 aug 2021 - 20:59

De plysje fan Ljouwert hat moandeitejûn meardere kearen sketten yn de omkriten fan it Vliet. De plysje siet efter in fertochte oan fan in sjitynsidint by in kafetaria oan De Centrale. Mooglik gie it om in oerfal. Om 22.00 oere hinne is de fertochte oanholden. De man rekke ferwûne en is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Klopjacht yn Ljouwert:

Neffens earste berjochten hie de fertochte him ferburgen holden op de wc yn de snackbar, om te wachtsjen oant it momint dat de saak ticht gie.

Gebiet ôfset, arrestaasjeteam op it plak

De fertochte wie de wyk yn draafd: hy flechte dwers troch tunen en strjitten. Plysjeminsken wiene yn ferskate strjitten oanwêzich. "Uit oogpunt van een ieders veiligheid is een deel van het gebied afgezet. Als u de verdachte ziet, onderneem zelf geen actie, maar bel 112 als u meer informatie heeft," sa skreau de plysje.

Der wie ek in arrestaasjeteam mei beskermende klean yn de omkriten fan de Borneostraat. Ek hong der in plysjehelikopter boppe Ljouwert. Ferskate strjitten wiene troch de plysje ôfsletten. Op sosjale media giene in soad bylden rûn fan de efterfolging. De plysje freget dizze bylden net online te dielen, mar se nei de plysje te stjoeren foar it ûndersyk.

Snackbar ûntromme

It ynsidint oan De Centrale barde om 20.30 oere hinne. De snackbar is ûntromme, de plysje en de Ryksresjerzje dogge ûndersyk. Utsein de fertochte is net ien ferwûne rekke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)