Johnny Jansen ûntkent ûnrest oer oanfierder: "Deze week meer duidelijkheid"

02 aug 2021 - 18:57

It wurdt dizze wike dúdlik wa't kommend seizoen oanfierder wurdt fan SC Hearrenfean. Dat fertelt trainer Johnny Jansen yn de SportCast. Der soe ûnrêst oer it oanfierdersskip wêze, om't Henk Veerman de bân net drage wol. Dêr is neffens Jansen gjin sprake fan.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

De kar foar in nije oanfierder is ien fan de saken dêr't Johnny Jansen op koarte termyn in beslút oer nimme moat. Sa moat de trainer ek noch bepale wa't syn earste keeper wurdt. Hy liket der al út te wêzen, mar wol der neat oer sizze: "Zal ik dat eerst even met de spelers bespreken? Jammer, hé?", laket Jansen.

Veerman

Oer it oanfierdersskip hat sportferslachjouwer Roelof de Vries nijs. Ferline jier droech Henk Veerman de bân, mar: "Henk Veerman wol net." Jansen ûntkent dat: "Dat klopt niet. We hebben nog geen uitspraak gedaan wie de definitieve aanvoerder gaat worden. We hebben erover gesproken als staf en daar komt deze week meer duidelijkheid over."

Erwin Mulder wurdt it, as er earste keeper wurdt

Sportferslachjouwer Roelof de Vries is wis oer de nije oanfierder

Dochs leaut De Vries net wat Jansen seit: "Ik bin bang dat Johnny liget. Ik bin der wis fan dat Henk Veerman sein hat dat hy dat net wol." Al soe der neffens de Hearrenfean-watcher fan Omrop Fryslân noch ien mooglikheid wêze dat it dochs de Volendamse spits wurdt. "Kinst der mei weikomme dat Henk Veerman sein hat dat hy it wol wol, as de hiele seleksje dat wol." De Vries twivelet lykwols net: "Erwin Mulder wurdt it, as er earste keeper wurdt."

Corona-útbraak

De seleksje fan Cambuur wurdt troffen troch in lytse corona-útbraak. Dochs liket der wer foarsichtich posityf nijs te wêzen, sa wit sportferslachjouwer Andor Faber: "Hjoed binne Issa Kallon, Jamie Jacobs, David Sambissa en Marco Tol foar it earst wer oansletten. De measten trainden noch wol apart, Tol trainde wol mei de groep mei. Dy oare jonges moatte har fysyk wer optraine."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)