It goede briedseizoen is in opstekker foar greidefûgelbeskermers

02 aug 2021 - 17:49

It lange en relatyf goede briedseizoen fan de greidefûgels dit jier is benammen wichtich foar de fûgels sels. Mar net allinnich foar de fûgels. Greidefûgelbeskermers wiene der ek echt wol oan ta.

It goede briedseizoen is in opstekker foar greidefûgels en beskermers:

Provinsjaal projektlieder Agrarysk Natuerbehear en Lânskipsbehear Jetze Genee: "De fjildminsken, de frijwilligers, binne tige belutsen. Yntrinsyk benammen. En dat komt hast út de tiennen wei. En as it dan trije jier net slagget dan komt dat fier wei. Dan hiene wy dit resultaat echt wol wer efkes nêdich."

Wachtsje op einsifers

Minsken wolle der ek graach oer prate, fernimt Genee. "De einsifers binne der noch net, mar út ferskate nijsbrieven en benammen de berjochten op sosjale media is it dochs wol hiel moai om te sjen hoe't eltsenien der sa optein oer wie. It is echt in moaie opstekker."

In ljippepykje. - Foto: Vogelbescherming Nederland

Op guon plakken wie in ferdûbeling fan it tal spantsjes briedende greidefûgels te sjen. De fûgels sykje inoar sawiesa op omdat sy harren sa it bêste ferdigenje kinne tsjin benammen oare fûgels dy't wolris in pykje frette. En dat sy harren dan sjen litte op plakken dêr't boeren en frijwilligers har foar ynsette, motivearret de minsken wol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)