'Leechsteand' azc Balk streamt wer fol: COA hat te min romte foar opfang

02 aug 2021 - 11:51

It wie de bedoeling dat it asylsikerssintrum fan Balk stadichoan leechstreame soe, omdat it yn oktober op slot giet. Mar der komme no wer nije minsken.

Der komme dochs noch efkes bewenners yn it azc fan Balk:

Oant en mei septimber wol it COA 250 ekstra flechtlingen opfange yn it azc. It gemeentebestjoer fan De Fryske Marren wol dêr oan meiwurkje.

It asylsikerssintrum soe op 1 oktober ticht gean. Dat wurdt no net oars, meldt de gemeente. "Tot die tijd kan de opvanglocatie benut worden waarvoor het bedoeld is, namelijk de tijdelijke huisvesting van asielzoekers."

Yn hiel Nederlân is op dit stuit in tekoart oan plakken foar saneamde 'neireizgers'. Dat meldt it COA. It giet dan om minsken dy't yn it ramt fan 'gezinshereniging' nei Nederlân kaam binne.

Yn de measte gefallen binne it foulju, dy't mei eventuele bern nei de partner komme, as dy in ferbliuwsfergunning yn Nederlân hat.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Balk AZC asylsikers
(Advertinsje)
(Advertinsje)