Blessuere: Hearrenfean moat Bochniewicz moannenlang misse

SC Hearrenfean is ferdigener Pawel Bochniewicz langere tiid kwyt, troch in blessuere dy't er oprûn yn in trainingswedstriid. Dat meldt de klup.
© Orange Pictures
Bochniewicz is ien fan de belangrykste spilers fan Hearrenfean, seker as it giet om de ferdigening. Dat seit sportferslachjouwer Andries Bakker. "Hy kin it alvetal drage."
It is noch net dúdlik hoe lang't Bochniewicz krekt út de rûlaasje is. Hearrenfean hâldt rekken mei in werstelperioade fan minimaal njoggen moannen.
Bochniewicz (25) skuorde de krúsbân ôf, yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle.