Liveblog | 2 augustus 2021

Simmerblog: Simmer yn Wâldsein

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden.
Lêst bywurke: 2 augustus 2021, 18:16
18:00

Dat wie it

We binne oan de ein kaam fan dit simmerblog oer Wâldsein. Tiisdeitemoarn binne we der wer. Dan yn Starum. Oant dan!
Wa't witte wol wêr't we de kommende tiid noch mear binne, kin dat hjir besjen. En foar wa't wat mist hat, of nochris neilêze wol: alle simmerblogs binne hjir te finen.
18:00

Simmer yn Wâldsein

De hiele jûn is it programma Simmer yn Fryslân by ús te sjen op telefyzje, alle oeren om kertier oer de hiele oere.
17:16

Toerisme nimt ta yn Wâldsein

© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Us ferslachjouwer hat it terras by de brêge opsocht. Dêr praat er mei eigener Frans van der Molen fan restaurant Watersport.
De brêge dêr giet wol fyftjin kear yn de oere op en del. It is gesellich drok, mar net sa drok as ferline jier doe't it opsluten wêzen yn eigen lân yn kombinaasje mei prachtich simmerwaar foar in soad drokte soarge, seit Van der Molen.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar strykt del op it terras by de brêge
As er kieze moat tusken wat Wâldsein is: in doarp mear foar de eigen ynwenners of mear foar de toeristen, dan kiest er it lêste. It toerisme nimt noch hieltyd ta. It seizoen is langer wurden en minsken út oare dielen fan Nederlân keapje de huzen yn it doarp. Jo kinne ek dwaan lykas de minsken op de boat de Rotterdam dy't suver permanint yn de haven liket te lizzen. "Sy brûke de boat as caravan", laket Van der Molen.
16:29

Underwilens yn Wâldsein...

© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
...spylje de froulju in potsje jeu de boules.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
16:20

Sjouke smyt in kreeft op de grill

© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It skûtsjesilen mei dan dit jier net trochgean fanwege de corona, dochs wolle se yn Wâldsein wol wat te bieden hawwe. Sa hat fiskrestaurant Vis en Meer in spesjaal arranzjemint mei - fansels - fêste sitplakken. Mei tachtich gasten binne se hielendal folboekt foar moandeitejûn. Eigener Sjouke hat spesjaal foar de gelegenheid in sushi-sjef oerkomme litten út Ljouwert. Syn eigen spesjaliteit is grillde kreeft gratinearre mei Fryske tsiis.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn it fiskrestaurant
16:12

Wâldsein fan it wetter ôf sjoen

© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar makke dizze foto fan rûnfeartboat Us Edse ôf.