Iselmarswimmers freegje omtinken foar iel: "Onderweg komt 'ie allerlei gevaren tegen"

02 aug 2021 - 08:16

Bûtenswimsters Dorien Rompelman en Mascha Toebak hawwe de Iselmar al swimmend oerstutsen. Se woene dêrmeoi omtinken freegje foar de minne sitewaasje fan iel.

Yn Starum wie der sjampanje

Iel moat yn totaal 6000 kilometer swimme om him fuortplantsje te kinnen yn de Sargosasee. Dan is de 22 kilometer dy't Dorien Rompelman en Mascha Toebak swommen hawwe, mar in lyts eintsje. Dochs is it ek in hiele toer om de Iselmar oer te swimmen fan Medemblik nei Starum.

"Zwaar, maar echt leuk. Op het laatst waren de golven wel echt heel hoog en veel tegenwind", seit Mascha Toebak. "Wel hebben we nog even extra gewisseld, en toen ging het wel goed. We deden het om beurten."

Hindernissen

Mei de swimtocht freegje de froulju omtinken foar de iel dy't sûnt 2008 de status 'slim bedrige' hat. Foar de fisk is de Iselmar in belangryk gebiet om op te groeien. Op de rûte nei de Bermuda-trijehoeke hat de iel in soad hindernissen .

"Onderweg komt 'ie allerlei gevaren tegen", wit Dorien Rompelman. "Het is een delicatesse, je hebt ook stropers en er zijn dammen en sluizen. De paling heeft het moeilijk. We willen met deze actie meer bekendheid rond het probleem van de paling. Dat is het doel en we doen het omdat het een toffe uitdaging is voor onszelf."

Se stypje mei de aksje ek in petysje om de iel better te beskermjen. Dy is al mear as 40.000 kear tekene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)