Dramatysk jier foar grientetunen: kjeld, wetter en slakken

01 aug 2021 - 19:57

It liket mar in min jier te wurden foar leafhawwers fan grientetunen. En dat hat alles te krijen mei it waar. Dêr kinne se op it Snitser folkstúnkompleks fan 'Nut en Genoegen' oer meiprate.

Túnker Sytse Durksz hat noch nea sa'n min jier meimakke:

'Nut en Genoegen' hat twa folkstúnnkompleksen en foarsitter Ingrid Wagenaar sjocht dat it lang net oeral goed giet: "Ik wol net hiel dramatysk dwaan, mar der binne guon túnkers dy't it hawwe oer in rampjier. Der hat in soad kjeld west en hiele protte wetter en dat hat net eltse tún goed dien."

Al is it net oeral min, seit sy: "Túnkers binne wol kreatyf, want der binne wol saken dy't it fansels wol goed dogge. En it is net sa dat it oer it hiele kompleks ellindich is. Wy hawwe klaaiïgehoeken yn de tún en wat mear sânige grûn en dêr sit wol ferskil tusken. Wat ek wol hiel aardich is: op myn eigen tún haw ik in oantal âlde Fryske rassen te stean en dy dogge it hiel ferassend wol goed."

Grûn sa hurd as beton

Túnker Sytse Durksz hat noch nea sa'n min jier meimakke: "De winter wie knap: wy sitte hjir op klaaigrûn. Dy wie moai trochferzen en ynienen kaam der in soad wetter en it bleau ferrekte kâld. In hiel soad plantsjes kamen net op om't it sa kâld en wie. En de grûn wie lykas beton. Dat is eins it probleem."

Sytse Durksz yn in syn folsktún - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dêrnei kamen de slakken oanglydzjen. Krekt op it momint dat der dochs planten opkamen. Durksz wol noch net sizze dat der moarns betiid earder in biste- as in grientetún hat mei it grutte oantal slakken, mar it skeelt net in soad.

Slakken hawwe hjir aktyf west - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dat mei it klimaat it waar ek feroaret, is no wol dúdlik. Dêr kinne je fansels besykje op yn te spyljen.

Wikselteelt

Dat sjocht ek Ingrid Wagenaar: "Ut it bestjoer wei sitte wy dêr grif oer nei te tinken. Op ús ledegearkomste dy't wy hooplik takom jier wer hâlde kinne, sille wy ek besykje dêr mear op yn te spyljen. Dus dat minsken foar in hiele drûge, hjitte perioade gewaaksen hawwe en foar in wat wietere perioade en wat kâlder. Dus dat je wat oan wikselteelt dogge en wat op beide hynders wêdzje. Want je kinne net foarsizze wat it wurdt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)