Fryske sporters binne klear op de Olympyske Spelen: sa gong it

02 aug 2021 - 06:28

De Olympyske Spelen sitte derop foar de sân Fryske sporters yn Tokio. Marit Bouwmeester wie de lêste dy't yn aksje kaam. Sy wie mei Ymkje Clevering de iennige Fries dy't in medalje pakte. Hoe ha de Friezen it dien?

Roeister Ymkje Clevering (twadde fan rjochts) mei har sulveren medalje - Foto: ANP

We freegje it oan sportferslachjouwers Lars de Leeuw en Roelof de Vries. Sy folgje foar Omrop Fryslân de Olympyske Spelen.

Wat is it algemiene gefoel dat jim oerholden ha oan dizze Spelen, ast nei de Friezen sjochst?

Lars de Leeuw: "Mei allinnich in sulveren en in brûnzen medalje werom nei Fryslân soene je - as je sjogge nei guon ferwachtingen - teloarstellend neame kinne, mar dat fyn ik wol wat te koart troch de bocht.

Epke Zonderland hat bygelyks gjin medalje, mar hat syn karriêre wol op in moaie wize ôfslute kinnen. En in sulveren medalje foar Clevering is fansels geweldich, hielendal mei de omstannichheden kwa corona by it roeiteam yn de achterholle. Dat se op it nipperke goud misrinne is wol hiel skande."

Roelof de Vries: "It binne net de Winterspelen, dat is wol dúdlik. Mar moatst it yn it goeie perspektyf sette: dat we gjin goud ha, dat is spitich, mar it slagge mar seis kear dat in Fries goud wûn op de Simmerspelen. Dus dan is dit prima."

De prestaasjes fan de Fryske olympiërs dit jier

Namme Sport Prestaasje
Marit Bouwmeester Silen (laser radial) Brûns
Jan van der Bij Roeien (fjouwer-sûnder) Sechsde
Ymkje Clevering Roeien (fjouwer-sûnder) Sulver
Sisca Folkertsma Fuotbal Utskeakele yn kwartfinale
Marrit Steenbergen Swimmen (4x100 frij) Fjirde
Tornike Tsjakadoea Judo (-60 en team) Fyfde en fyfde
Epke Zonderland Turnjen (rekstok) Utskeakele yn kwalifikaasje

Hoe tinke de Fryske olympiërs der sels oer?

Lars: "Ik tink dat allinnich Sisca Folkertsma en Marrit Steenbergen echt teloarsteld binne. Folkertsma moast it grutste part fan it fuotbaltoernoai fan de tribune ôf tasjen en kaam gjin minút yn aksje. Steenbergen mocht ta har eigen ferrassing de finale by de estafette net swimme.

Dat Jan van der Bij in medalje misrint mei de fjouwer-sûnder-stjoerman is skande, mar mei in finaleplak hoege sy harren absolút net te skamjen. De oare Friezen wiene nei harren eigen optreden sels min of mear tefreden."

Jan van der Bij sit hielendal rjochts - Foto: ANP

Roelof: "In medalje op sa'n grut poadium is fantastysk. Dat moatte wy en de sporters sels net ferjitte. Marit Bouwmeester snapt net wêrom't der oare medaljes as goud útdield wurde. Ymkje Clevering wist dat de kâns foarôf grut wie dat it tusken Nederlân en Australië gean soe. It skeelde neat, dus dan is dat hiel dûbeld.

By roeier Jan van der Bij is it oars. Hy helle de finale. Dat is net neat, mar hy waard sechsde. En dus wie er dochs wat segrinich.

Hy rûn twa kear krekt in brûnzen medalje mis, mar hat himsels wol op de kaart set.

Lars de Leeuw oer judoka Tornike Tsjakadoea
Trefwurden: 
Olympyske Spelen Tokio
(Advertinsje)
(Advertinsje)