Ministearje praat mei Noardwâlde oer plannen nije gasboarrings

It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat sil yn petear mei minsken yn Noardwâlde oer de plannen om twa nije gasfjilden oan te boarjen. De plannen binne fan it Kanadeeske bedriuw Vermilion.
Gaswinning by Noardwâlde © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Neffens it ministearje wurde der online 'ynringearkomsten' organisearre. Minsken kinne dêr op 8 of 9 septimber terjochte.
Oft it ta in echte gearkomste komt, is noch net wis. Dat hinget fan de ûntwikkeling fan it coronafirus ôf. As it net kin, dan wol it ministearje online yn petear mei de minsken. Dat moat gebeure op 8 septimber, mei mooglik in ferfoch de dei dêrnei.
It petear is net allinnich mei minsken yn Noardwâlde, mar ek mei bewenners fan de Drintske doarpen Vledderveen en Wilhelminaoord. It ministearje hat by alle hûzen yn it gebiet in brief besoarge. Dêryn stiet dat it wichtich is dat de omjouwing goed belutsen wurdt by it projekt fan Vermilion.

VDA-A en VDW-B

De plannen koene begjin dit jier al in pear moannen ynsjoen wurde. Dat hat 321 reaksjes opsmiten. Op basis dêrfan binne yn alle gefallen de nammen fan de gasfjilden feroare: net mear Boergrup en Lombok, mar CDA-A en CDW-B.
Bewenners fan de strjitte Boergrup yn Vledderveen hienen beswier makke tsjin de namme. Sy wienen benaud dat har hûzen net mear te ferkeapjen wêze soenen troch de namme.
It fjild VDA-A leit op twa kilometer djipte tusken de súdkant fan Noardwâlde oant likernôch Vledder. It oare fjild leit tusken Wilhelminaoord en it oare, lange gasfjild.
De proseduere foar tastimming om nei gas te boarjen duorret nei alle gedachten oant de simmer fan 2024. Yn dy planning wurdt ek útgongen fan in proseduere by de Ried fan Steat. Dat leit nammentlik foar de hân, as je sjogge nei prosedueres tsjin oare boarringen yn de lytse gasfjilden yn it grinsgebiet.

Jild foar 'kânsleaze prosedueres'?

Oft de gemeenten Weststellingwerf, Westerveld en Steenwijkerland in proseduere oangean tsjin de gasboarrings, is noch net wis. Se ha der hieltyd minder nocht yn om jild út te lûken foar prosedueren dêr't yn it ferline by bliken die dat gemeenten hast gjin gelyk krigen.
Ein augustus presintearret it ministearje in dokumint, wêryn't it ûndersiken oankundiget nei de mooglike effekten fan de gaswinningen. Der wurde dan ek alternativen presintearre foar boarlokaasjes. It definitive beslút fan de minister oer de plannen moat der begjin 2024 lizze.