UPDATE: Ferkear kin wer oer de Ofslútdyk

01 aug 2021 - 17:38

De sneldyk A7 oer de Ofslútdyk hat sneintemiddei in skoftke ticht west yn de rjochting fan Fryslân nei Noard-Hollân. Oanlieding wie in ûngelok by Breesândyk, in auto leit oer de kop op de dyk.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

It ferkear foar Breesândyk stie dêrom ek stil. Mar al gau wie ien rydstripe wer iepen, wêrtroch't it ferkear der wer del kin.

Der binne gjin minsken swier ferwûne rekke, meldt de plysje. De brânwachtploegen fan Harns en Wytmarsum waarden oproppen om te helpen op de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Ofslútdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)