Van der Bos wint fan Bergsma yn lêste test foar de PC

01 aug 2021 - 17:51

De lêste test foar de PC is in proai wurden foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Sy wûnen snein it haadklassekeatsen yn Wytmarsum. Kommende woansdei is de wichtichste keatspartij fan it jier by de manlju.

Gert-Anne van der Bos is bliid, Marten Bergsma net - Foto: Henk Bootsma

It partoer fan Van der Bos wûn yn de finale mei 5-3 6-6 fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Dat partoer hie just de lêste twa partijen wûn: sneon yn Seisbierrum en in wike lyn yn Arum.

Yn de finale naam it trio-Van der Bos al gau in flinke foarsprong. Bergsma hie it benammen dreech mei Taeke Triemstra, dy't in soad ballen werom sloech.

Drent soarget foar spanning

Mar it waard spannend. Dêr wie Dylan Drent ferantwurdlik foar: hy sloech flink wat ballen boppe en sa kamen Bergsma en dy noch werom oant 5-3 en 6-6. Just Drent, de man dy't de spanning werom brocht hie, sloech de bal doe kwea.

De lytse preemje wie foar Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Dy stienen yn de heale finale mei 3-1 foar tsjin Bergsma en dy, mar gongen dochs ûnderút mei 5-3 en 6-6.

Van der Bos hie yn de earste twa omlopen ôfrekkene mei de partoeren fan Peter van Zuiden en Haye Jan Nicolay. Yn dy twa partijen stienen se mar ien buordsje ta.

Fyfde kear winst Sijbrandij

By de froulju gong de winst foar de fyfde kear dit seizoen yn de frije formaasje nei Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Se wûnen yn de finale mei 5-2 en 6-2. Mar ien kear dit seizoen gong de winst net nei Sijbrandij en dy.

Marrit Zeinstra, Nynke Sijbrandij en Manon Scheepstra - Foto: Henk Bootsma

De tredde priis wie foar Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma. Dat partoer, dat yn Seisbierrum de finale helle hie, wie yn de striid om de lytse preemje mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)