Nije oanpak yn thússoarch: minsken mei demintens kinne langer thús wenje

01 aug 2021 - 17:41

Minsken mei begjinnende demintens kinne wol twa oant trije jier langer thús wenjen bliuwe, as sy in hiel breed pakket fan thússoarch krije. In oanpak dy't dêrfoar yn Noard-Hollân betocht is, wurdt no ek Opsterlân, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Ljouwert oanbean.

Foto: ANP

"De tiid moast der ryp foar wêze", seit Gea Jagersma. Sy is strategysk beliedsadviseur by de KwadrantGroep, in organisaasje yn de âldereinsoarch.

Minsken mei begjinnende demintens kinne no al thússoarch krije, mar faak komme der dan in hiel soad soarchferlieners foar allegear ferskate lytse taken. Nei in kertier of in healoere moatte se wer fuort.

Dat hat te krijen mei de wize wêrop't dy soarch betelle wurdt. Zorgkantoor Friesland - dat beslút oer oer de sinten - jout no tastimming om it oars te dwaan. Jagersma: "Earst wienen der allegear regels foar. Mei it Zorgkantoor ha we sjoen oft der ek in oare wize wie."

Tusken wâl en skip

Neffens Jagersma falle minsken mei begjinnende demintens in bytsje tusken wâl en skip: se ha mear nedich as in kertierke thússoarch, mar se hoege ek noch net nei in tehûs. "Se krije wol thússoarch, mar dat binne faak koartere mominten. En it ferlet is faak oars."

Mei de nije oanpak kinne thússoarchmeiwurkers, dy't derfoar oplaat wurde, wol in pear oeren bliuwe en helpe by alderhande saken.

Minsken tinke al gau: wat is dit no, ha jim wer wat nijs betocht?

Gea Jagersma fertelt dat de oanrin net altyd maklik wie

In proef fan in healjier yn Smellingerlân is goed oanslein. "De oanrin wie wat dreech. Minsken tinke al gau: wat is dit no, ha jim wer wat nijs betocht? Mar de minsken dy't de oerstap makke ha, binne hiel tefreden. Dy wolle net mear werom."

De thússoarchmeiwurkers fersoargje de minsken net mear allinnich, se helpe ek mei it iten, it drinken, de húshâlding. "Yn in hiel soad gefallen blykt dat de minsken sels noch wol wat dwaan kinne, mar yn de reguliere thússoarch komt in húshâldlike help mar ien kear yn de wike. Dy makket it hûs skjin en giet wer fuort. Mei dizze oanpak dogge we it oars. Yn oerlis mei de klant en de famylje sjogge we wêr't se ferlet fan ha."

Net genôch plakken foar elkenien

Langer thús wenje is faak noflik foar de minsken sels, mar der sit mear achter de nije oanpak. "It is goedkeaper foar de maatskippij", fertelt Jagersma. "Troch de fergrizing krije we hieltyd mear minsken mei demintens, dus we moatte alternativen sykje. We kinne net elkenien in dak en in bêd oanbiede. Safolle plakken ha we net."

De KwadrantGroep hat mei it FrieslandCollege in spesjale oplieding ûntwikkele foar meiwurkers dy't oer de flier komme by de minsken dy't langer thús wenje. "En as der wol echt tydlik ekstra help nedich is - tink oan wûnefersoarging, medikaasje of ynjeksjes - dan kin it reguliere thússoarchteam ek helpe. Dy steane paraat op de achtergrûn."

Folget hiel Fryslân?

Nei de proef yn Smellingerlân en it útrôljen yn de earste fjouwer gemeenten ferwachtet Jagersma dat de rest fan Fryslân folget. "Der binne al kollega-organisaasjes dy't belangstelling ha. Se freegje ús hoe't wy it dogge. En it Zorgkantoor ferwiist oare organisaasjes nei ús troch. We diele graach ús gegevens en ûnderfiningen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)