Nynke Laverman: "Wy ha thús in húshâldlike revolúsje trochmakke"

Yn har nije programma Plant stiet poadiumkeunstner Nynke Laverman fan Weidum by stil hoe't de wrâld troch raast, sûnder stil te stean by de konsekwinsjes. Yn it nûmer Your Ancestor makket se dêrfoar sels in soarte fan ekskuzen oan har berns-berns-berns-bern.
Nynke Laverman fertelt oer hoe't se har eigen húshâlding oanpast hat om rekken te hâlden mei de takomst:
It folsleine petear mei Nynke Laverman is ek as podcast te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcasts-apps. Op dizze pagina fynst ek oare podcasts fan Omrop Fryslân.
Dat se dat har bewust waard fan de konsekwinsjes, hie dat ek gefolgen foar eigen har húshâlding. Dat fertelde se yn Buro de Vries, dêr't Laverman Simmergast wie.
"We ha goed stilstien by de fraach hoe't we eins sels konsumearje", seit se. "Allinnich al de simpele fraach: hoe kom ik oan myn iten? Dat hat by ús thús in húshâldlike revolúsje feroarsake. Wy hellen it ieten ek 'gewoan' by de supermerk om 'e hoeke. Dat is in gewoante en elk om je hinne docht dat ek."
Troch biologysk en ferpakkingsfrij iten te keapjen rêd ik de wrâld net, mar it fielt wol better.
Nynke Laverman
"Mar as ik der echt by stil stean, kies ik dêrmei dus ek foar de ôffalstream dy't dêrby heart", seit se. Mar dat net allinnich: "Itselde jildt foar iten dat mei gif bespuite is en dêr't de boer gjin earlike priis foar krijt. As je je realisearje dat je dêr net mear efter stean kinne, moatte je dêr ek wat mei dwaan."
En dus hat Laverman mei har húshâlding de rûtines feroare. "We keapje no by biologyske winkels en op 'e merk. En alles sa min mooglik foarferpakt. Dêrmei rêd ik de wrâld net, mar it fielt wol better."
In fragmint út it petear: Nynke Laverman fertelt oer de reset fan har húshâlding
Yn de simmerwiken ûntfangt Buro de Vries tusken 12.00 en 13.00 oere op sneins in saneamde simmergast. Alle ôfleveringen fan de podcast fan Buro de Vries binne op dit plak werom te finen.