71 nije coronabesmettingen yn Fryslân, trije sikehûsopnamen

01 aug 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 71 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 29 minder as sneon. Doe gong it om 100 coronabesmettingen.

Foto: ANP

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 101 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 109, in wike lyn op 160.

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert, mei 13 besmettingen. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (12) en Waadhoeke (10). Yn alle oare gemeenten wiene sân besmettingen of minder. Op de fjouwer eilannen binne gjin nije besmettingen registrearre.

Trije sikehûsopnamen, gjin stjergefallen

Der binne yn de ôfrûne dei trije Friezen opnaam yn it sikehûs mei it coronafirus. It giet om twa ynwenners fan de gemeente Hearrenfean en ien út Ljouwert.

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der gjin Friezen stoarn as gefolch fan it coronafirus.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.350. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 3.501 besmettingen by kaam.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)