Twa oanhâldingen nei mishanneling oan Ruterskertier yn Ljouwert

De plysje hat twa minsken oanholden foar in mishanneling oan it Ruterskertier yn Ljouwert. By de mishanneling rekke in 23-jierrige man ferwûne.
Kafees oan it Ruterskertier yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Foar de mishanneling binne in minderjierrige jonge út de gemeente De Fryske Marren oanholden en in man fan 39 sûnder fêst wen- of ferbliuwplak.
De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling of fan wat der dêrfoar barde. It ynsidint wie sneontejûn om likernôch 23.00 oere.