Bouwmeester: "Supergrutsk dat ik mei myn broer in medalje win"

Se hat wolris sein dat sulver en brûns neat wurdich binne, dat it allinnich om goud giet. Mar nei in hektyske wike, wêryn't Bouwmeester einiget mei olympysk brûns, kin se dochs tefreden wêze. "Ik tink dat ik net kleie mei."
Bouwmeester moat wol tefreden wêze mei brûns, seit se tsjin de NOS:
Foar de medal race fan snein leine alle senario's op tafel: Bouwmeester koe har olympyske titel prolongearje, se koe sulver of brûns pakke en se koe sels noch bûten de medaljes einigje. Uteinlik moast se it dus mei brûns dwaan.
Marit Bouwmeester: "Dit is gewoan kut natuerlik"
"Ik hie graach in oare kleur hân. It hie ek oars rinne kind." Har start yn de beslissende medal race wie net goed. Se rekke de boei en moast dêrom in rûntsje draaie. Dêrom begûn se mei in flinke efterstân op klassemintslieder Anne-Marie Rindom út Denemarken. Bouwmeester moast just fjouwer plakken boppe Rindom einigje om goud te pakken.
It wie konstant in 'uphill battle'. Ik ha echt alles jûn wat ik hie.
Marit Bouwmeester
"Dizze race wie sa karakteristyk foar de hiele wike", seach se werom. "It wie konstant in 'uphill battle'. Ik ha echt alles jûn wat ik hie."
Marit Bouwmeester mei har broer en coach Roelof Bouwmeester © ANP
Nei it sulver fan Londen 2012 en it goud fan Rio de Janeiro yn 2016 hat Bouwmeester no alle kleuren medaljes. "Ik bin supergrutsk dat ik mei myn broer in medalje winne kin." Har broer, Roelof Bouwmeester, is âld-siler en ek al jierren de coach fan Marit.
Hy tinkt ek dat der snein net mear yn siet as brûns. "We kamen foar goud, mar as ik sjoch hoe't dizze wike ferrûn is, dan tink dat we bliid wêze meie mei dizze medalje", seit er.
Roelof Bouwmeester: "We wiene net goed genôch"
Bouwmeester makke it harsels snein ek lestich troch de startboat te reitsjen. Dêrom lei se al op achterstân. "Dochs koe it doe noch", tinkt Roelof Bouwmeester. "Omdat we raceten mei tsien boaten. En dat die ek wol bliken."
Yn de medal race wie der efkes in momint dat Bouwmeester fjirde lei en se firtueel goud hie. Roelof: "Dat krige ik net troch. Ik lis op it wetter en sjoch dat amper. Ik seach wol dat har twadde diel hiel goed wie en it de goeie kant op gong."
Alles by elkoar opteld, wie it net goed genôch om goud te winnen.
Coach en broer Roelof Bouwmeester
Nettsjinsteande it feit dat se kamen foar goud, is Roelof tefreden. "Ik bin hiel grutsk op hoe't we der mei omgongen binne. Oan de oare kant ha we te folle flaters makke. Dei ien wie net goed genôch, dei fjouwer wie de falske start en dat wie in grutte fout en de medal race begûn ek net goed. Dat alles by elkoar opteld, is net goed genôch om goud te winnen."

Fiif jier hurd traind

Marit Bouwmeester moat ek mei it brûns libje. "Gewoanwei soe ik der net mei bliid wêze, ik doch it echt allinnich foar goud. Ik ha fiif jier hartstikke hurd traind om de alderbêste te wêzen. Mar as je sjogge nei dizze wike, is it tink ik brûns mei in gouden rântsje."