Marit Bouwmeester knokt, mar komt net fierder as brûns

Sylster Marit Bouwmeester hat brûns wûn op de Olympyske Spelen. Yn in spannende en beslissende lêste race waard de Wartense sechsde. Dat wie net genôch om de Deense Anne-Marie Rindom yn te heljen yn it klassemint.
Marit Bouwmeester nei de race © ANP
Foar de beslissende medal race, wêryn't de punten dûbeld telle, stie Bouwmeester twadde. Se hie sân punten mear as de nûmer ien Rindom. Bouwmeester wist dus dat se fjouwer plakken heger einigje moast as Rindom om har yn te heljen. Tagelyk mocht se net leger as it fiifde plak einigje, want dan koe se it sulver noch ferlieze.

Medal race

De medal race begûn striemin foar Bouwmeester. Se wie benaud dat se te betiid fuort wie by de start. Dêrom die se foar de wissichheid in rûntsje om har as, want oars soe se diskwalifisearre wurde. Dat barde bygelyks mei de Italiaanse Silvia Zennaro. Sy wie te betiid fuort en die gjin rûntsje.
Marit Bouwmeester yn de medal race © ANP
Al mei al in dramatyske start dus foar Bouwmeester, want se begûn mei al in efterstân. En trochdat Zennaro derút rekke, wie der ien siler minder dy't tusken Bouwmeester en Rindom einigje koe.
Dochs kaam se knap werom. By de twadde boei lei Bouwmeester sechsde en by de tredde boei wie se fjirde. De Deense lei sels hiel efkes fiif plakken efter Bouwmeester.

Sulver foar Olsson

De Sweedse Olsson rûn fuort en pakte de oerwinning. Bouwmeester einige as sechsde en Rindom as sânde. Dat wie foar Rindom genôch foar it goud en foar Olsson genôch foar sulver.

Min begjin

It toernoai begûn al sa teloarstellend foar Bouwmeester. Op de earste dei sylde se nei in 21e en 14e plak. Stadichoan klom se dêrnei yn it klassemint, mar doe't se yn race 7 diskwalifisearre waard, like it definityf dien mei de kânsen op goud.
Dêrnei gong klassemintslieder Rindom lykwols ek yn de fout. Tagelyk sylde Bouwmeester trije kear in goede race (sânde, earste en nochris sânde). Dat soarge derfoar dat de striid om olympysk goud wer iepen kaam te lizzen. Yn de spannende medal race bleau Rindom krekt oerein.