Frijwilligers meitsje strannen skjin: "282 stukjes afval binnen honderd meter"

Offal yn de see is in grut probleem. Ut ûndersyk docht bliken dat de Noardsee hieltyd skjinner wurdt, mar it probleem is noch lang net oplost. Op de strannen spielt ek fan alles oan. Tûzenen frijwilligers geane de hiele Noardseekust del foar de achtste Beach Cleanup Tour.
In eardere opromaksje op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ien fan de plakken dêr't se snein begjinne mei de Beach Cleanup Tour is Skiermûntseach. De oare Waadeilannen komme ek oan bar. "Eén van de redenen waarom we op de eilanden zijn, is nog steeds de containerramp met de MSC Zoe", fertelt Francine Hijmans fan Stichting De Noordzee. "Van de 3,2 miljoen kilo die in zee belandde, ligt er nog steeds zo'n 800.000."

Offal yn lytse stikjes

En it is saak om dat der sa gau as mooglik út te heljen, leit se út. "Hoe langer het in zee ligt, hoe meer het uit elkaar valt in kleinere stukjes. Dan krijg je het niet meer goed uit de zee."
It algemiene byld is wol dat it stadichoan better giet. "We doen al twintig jaar afvalonderzoek. De afgelopen tien jaar is er een dalende trend: we vinden 27% minder afval op het strand."
Frijwilligers op it strân by in eardere Beach Cleanup Tour © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mar it is net allinnich mar optimisme: "Op een stukje van honderd meter vinden we nog steeds meer dan 282 stukjes afval. Dat vinden we nog veel te veel."

Sigaretten: lyts, mar giftich

Dit jier sjocht de opromgroep benammen nei sigarettefilters- en peuken: "Het is een klein afvalstukje, maar niet ongevaarlijk. Er zitten veel giftige stoffen in. Het bestaat voor 95% uit plastic en het kan tot acht liter water vervuilen."
En oft it no grut of lyts is, al it ôffal is skealik, seit Hijmans. "Alles heeft effect op de natuur en daarmee ook op de mens."