De takomst fan in Fryske sport: stiet it keatsen op 'e dea?

It tal leden by de KNKB (Koninklijke Nederlandse Kaatsbond) nimt stadichoan ôf. Hoe komt dat? Is de sport hjoed-de-dei te kompleks? Kinne oanpassingen yn it keatsen dizze Fryske kultuer rêde? Aluca Bouma is keatser en studint sjoernalistyk. Sy gie op syk nei de takomst fan it keatsen.
Stiet it keatsen op ' e dea? Aluca Bouma oer de noed:
As we sjogge nei grutte sporteveneminten, lykas in Freule en de PC, liket it keatsen op it earste gesicht in brûzjende sport. Om kaarten te krijen moatst der faak gau by wêze.
Dochs litte de sifers in hiele oare kant sjen. It tal leden by it KNKB nimt al jierren ôf. Sûnt 2014 is der in delgong fan hast 4.000 leden. As dy line trochset, dan stiet it keatsen aanst op 'e dea. Hoe kin soks keard wurde?
It tal leden fan de KNKB sûnt 2003 (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Keatsen is in sport dy't in soad tiid freget. Dat begjint al by de jongsten. Yn wykeinen moat der in soad riden wurde om bern op 'e keatsfjilden te krijen. Mar neffens de útkomsten fan in enkête mei 300 respondinten is dit foar 80 persint fan de âlden gjin probleem.

Bern nei trainingen ride

Boppedat binne de measte âlden wol ree om twa kear yn 'e wike te riden foar profesjonele trainingen. Goed 75 prosint hat dêr gjin problemen mei. De oare 25 prosint stiet oer it algemien wol iepen foar trainingen yn de buert, of ien kear yn de wike wat fierder fuort. De grutste oanlieding dat âlden net ride kinne is dat sy der te min tiid foar ha.
Alden oer it keatsen fan har bern (komme de grafiken net goed yn byld, klik dan hjir en hjir):
Simon Minnesma fan Stichting Score komt de jongerein yn 'e mjitte dy't einen ride moat foar harren keatstraining. "Jongelju fan efter Dokkum moatte dan nei Frentsjer ta. Dy sieten op it lêst langer yn 'e auto as dat sy op it fjild stiene."
Trochdat Minnesma profesjonele training jout op seis ferskate plakken, is der altyd wol in training yn 'e buert. Hy fernimt dat der dêrtroch folle mear animo is foar de keatsskoalle.
"Ik fernim dat in soad lytse bern op it fytske nei it keatsfjild komme", seit er. "As we dit net dienen, hienen se troch heit of mem brocht wurde moatten. Of it hie hielendal net kind."
In foarbyld fan ôfheakjende keatsers binne sus en broer Lobke en Jouke Vlasbloem. Sy wiene talinten yn de jongereinkategory. Yn it ferline wiene se yn de simmer hast alle dagen op it keatsfjild te finen, mar de prioriteiten binne mei de jierren feroare.
Broer en sus Vlasbloem oer wêrom't se opholden binne mei it keatsen:
Der binne mear tûkelteammen foar de jonge keatsers. As je gjin maten fine kinne, is it bygelyks dreech om fierder te kommen.

In partoer fine

Melissa Hiemstra is sa'n keatser. Se sit by de froulju, mar hat dit jier gjin frijeformaasjepartoer om mei te keatsen. By de froulju binne der mar in pear trochelkoarlotterspartijen. In frijeformaasjepartoer fine is dus een pree as je elts wykein fuort wolle.

Ynset op PC

It systeem is ferkeard, fynt Melissa: "Alles wurdt hast ynset op dy PC. Troch it rankingsysteem wurde frijeformaasjewedstriden en in goed frijeformaasjesteam tige wichtich. Nei myn ide soe der mear trochelkoarlotterspartijen organisearre wurde moatte."
It keatsen stiet lykwols it meast ûnder druk troch de grutte konkurrinsje fan oare sporten. Dêrom moat der alles oan dien wurde om it keatsen ûnder de eagen fan jonge bern te krijen. In foarm dêrfan is it jaan fan keatsclinics.
Keatsclinics kinne jonge keatsers helpe:
It keatsen hat in lange tradysje yn Fryslân. Yn de lange skiednis hat it keatsen faker ûnder druk stien.
En it keatsen is ien fan de âldste sporten op de wrâld. De âldste fynsten fan it keatsen binne fan sawat it jier 1200 yn Noard-Frankryk. De sport is ûntstien by kleasterpleatsen dêr't se krekt as no ek in opslach, in útslach en twa keatsen hiene. Stadichoan kaam it keatsen fia België ek yn Nederlân terjochte.
Keatsbylden fan eartiids:
It keatsen wie om 1900 hinne ien fan de populêrste sporten yn Nederlân. Je kinne de sport yn dat opsicht ferlykje mei it fuotbaljen fan hjoed-de-dei. Mar al earder naam yn Nederlân de animo foar de sport ôf. Dat kaam omdat de adel en de elite der gjin belangstelling mear foar hiene en troch de komst fan oare sporten, lykas fuotbal.

Bûnen fan belang

Dat it keatsen yn Fryslân noch altyd bestiet, komt neffens keatshistoarikus Pieter Breuker troch it organisearjen fan de PC en de oprjochting fan de Nederlandse Kaatsbond yn 1897. Dêr hongen yn dy tiid 17 ferieningen en 1.200 leden oan fêst. Jierren wie der in trochgeande groei, mar troch de krisisjierren naam dat oantal sterk ôf.

Oarlochstiid

Gek genôch wie de Twadde Wrâldoarloch de rêding fan de sport. Dútsers moedigen sport oan ("Wer Sport treibt, sündigt nicht") en sy fûnen it keatsen boppedat in echte amateursport. Mei betelle sporten hiene de Dútsers net safolle. Yn 1946 wiene der leafst 12.940 leden en 112 ferieningen. Yn 1996 kaam it keatsen op in toppunt. Dat kaam troch de fúzje tusken de NKB en de Christelijke Bond voor de Friese Kaatssport (CFK) en de komst fan it frouljus- en famkeskeatsen.
Sûnt dy tiid is der in soad feroare. De ôfrûne sân jier is it tal leden mei 4.000 ôfnaam. De KNKB het der noch fan alles oan dien om it spul wer nijsgjirrich te meitsjen. Sa mei der tsjintwurdich altyd ruile wurde fan funksje, wat earder net mocht yn in partij. De perken binne ek grutter wurden.
Ek de regels fan de mof binne oanskerpe. De nap mei no net mear ferlinge wurde. Dat is in ûntwikkeling dy't neffens Pieter Breuker al folle earder trochfierd wurde kinnen hie. "Dy striid om de nap is der al jierren. Doe't Tsjisse Wallendal 20 oant 30 jier lyn de nap yntrodusearre yn it Fryske keatsen, kamen der ferskriklik grutte nappen, oant it idioate oan ta. Sels spatskerms waarden yn sa'n nap ferwurke."
Breuker fynt dat der fuortendaalks wat barre moatten hie. "Mar pas yn 2015 waard dy streek lutsen. Moatst neigean dat der 35 jier lang oer de diskusje fan de nap praat is. Dat kin fansels net. Foar it oansjen en de betrouberens fan in organisaasje is soks funest."

Op syk nei oplossingen: de drompel ferleegje

De KNKB wol ek ôfskaffe dat je lid wêze moatte foardat je je opjaan kinne foar de federaasje. Eltse keatser kin dêrtroch meidwaan oan in federaasjepartij. It doel dêrfan is om mear keatsers waarm te meitsjen foar wedstriden.
As it goed útpakt, sille keatsers ek earder de kar meitje om ris mei te dwaan oan KNKB-partijen. "Mar dat hoecht net perfoarst", seit Afke Hijlkema, koördinator fan it KNKB "Elts moat op syn nivo moai keatse kinne, wêr dan ek."

Spesjale status

Deputearre Sander de Rouwe, dy't sport by de provinsje yn de portefúlje hat, wol yn it nije sportbelied mear omtinken foar de Fryske sporten. "Dizze sporten moatte in spesjale status krije yn ús sportbelied. Oan de iene kant om de sport te profilearjen, mar ek om't wy sjogge dat dizze sporten mear betsjutte as alinnich breedtesporten en topsporten."
Deputearre Sander de Rouwe © Omrop Fryslân
De Rouwe wol dat keatsen ek op nasjonaal nivo as topsport sjoen wurdt. Sa kin by ûnferwachtse barrens, lykas de coronakrisis, it keatsen gewoan trochgean.
It keatsen moat 'm minder fêsthâlde oan de ôfgeande oantallen en mear sjen nei wat it der wol allegearre is. Der moat in positive draai oan komme.
Deputearre Sander de Rouwe
"It keatsen is tige wichtich", seit De Rouwe. "It keatsen moat 'm minder fêsthâlde oan de ôfnimmende oantallen en mear sjen nei wat it der wol allegearre is. Der moat in positive draai oan komme", fynt er.
Hoefolle leden hat dyn keatsferiening? (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):