Nard Brandsma wint Nasjonale Fierljep Manifestaasje yn it Heidenskip

31 jul 2021 - 21:42

Fierljepper Nard Brandsma út Warkum hat sneon de 31ste edysje fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op syn namme skreaun. Yn It Heidenskip kaam er ta in ôfstân fan 20,77 meter. By de froulju wûn Marrit van der Wal mei 16,03 meter.

Nard Brandsma by de Nasjonale Fierljep Manifestaasje - Foto: Martin de Jong Fotografie

De Hollanners Rian Baas en Jaco de Groot fierden de druk yn de earste sprong al op mei ôfstannen fan boppe de 20 meter. Mei syn twadde sprong gie Nard Brandsma dêr lykwols rom oerhinne (20,77 meter). Dat wie soer foar Sytse Bokma. Hy sette in sprong fan 20,75 meter del, mar dat wie dus krekt net genôch foar de kopposysje.

Alle dielnimmers slaggen der dêrnei net mear yn om oer de 20 meter te kommen. Sa wie de oerwinning foar Brandsma. Bokma waard twadde en mei 20,45 meter wie it tredde plak foar Rian Baas.

Nard Brandsma wint de NFM mei twa sintimeter ferskil:

By de froulju pakte Sigrid Bokma út Hylpen nei twa sprongen de lieding. Har 15,44 meter wie lykwols net de winnende sprong. Marrit van der Wal slagge der nammentlik yn om yn har tredde sprong oer de 16 meter te ljeppen (16,03 meter). De oare froulju kamen dêr net mear by yn de buert.

De 15,44 fan Bokma wie genôch foar sulver. Laura Maaijen út Haastrecht pakte it tredde plak troch nei 14,74 meter te springen.

Marrit van der Wal hie de NFM noch nea wûn:

By de junioaren like de oerwinning ek nei in Fries te gean. Lang wie de 19,45 fan Rutger Haanstra de fierste sprong, mar alles feroare by de lêste sprongen. Earst sette Wisse Broekstra in ôfstân fan 19,52 meter del, mar ek dat wie net genôch foar de titel. Reinier Overbeek hie nammentlik in geweldige slotsprong yn hûs. Mei 19,92 meter wie de oerwinning foar him.

Reinier Overbeek pakte mei de lêste sprong fan de jûn de winst:

By de famkes wie de oerwinning foar Hanneke Westert út Snits mei 14,88 meter. Lisse van der Knaap út Drylts sette mei 14,49 meter har bêste prestaasje fan it seizoen del en dat wie genôch foar it twadde plak. It brûns wie foar Suzanne Mulder mei 14,32 meter.

Hanneke Westert wurdt hast altyd fjirde op de NFM, mar wûn no:

Germ Terpstra út Tsjom wie by de jonges de ferrassende winner. Mei 16,25 wie hy de bêste yn syn kategory. Michiel Zijlstra út Easthim ferbettere syn persoanlik rekôr mei in sprong fan 16,07 meter. It levere him it twadde plak op. Tredde wie Roy Velis mei 15,85 meter.

Germ Terpstra ferraste by de jonges:

(Advertinsje)
(Advertinsje)