Protestmars fan campinggasten It Soal dy't net fuort wolle út Warkum

31 jul 2021 - 18:28

Sa'n hûndertfyftich campinggasten litte yn Warkum fan har hearre. Se protestearje tsjin de plannen foar de bou fan 150 lúkse lodges op camping It Soal. Dat soe betsjutte dat 400 eigeners fan steancaravans en sjalets harren steanplak kwytreitsje.

De opkomst fan de demonstraasje foel de organisatoaren neat ôf:

Hoewol't de plannen al jierren lyn bekend makke binne troch de eigener fan de camping, hie gjinien ferwachte dat it safolle minsken de permaninte steanplakken kostje soe. Dat seit de wurdfierder fan de aksjefierders, Michaël Westermeier.

'Middenstân wurdt slachtoffer'

Neffens de aksjefierders reitsje net allinnich sysels har fakânsjeplakje kwyt, mar wurdt ek de middenstân fan Warkum slachtoffer. "Niet alleen zullen veel minder mensen van de lodges gebruikmaken dan er nu gasten op de camping staan", seit Westermeier, "maar bovendien zorgt de geplande infrastructuur van de nieuwe situatie ervoor dat de koopbehoefte van die vakantiegangers veel meer op de winkels van het vakantiepark komt te liggen."

It is ien fan de redenen dat de aksjefierders no de stipe fan de Warkumer ûndernimmers freegje yn har protest.

Protestmars fan It Soal nei Warkum ta - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

In petysje tsjin de bouplannen is 2.000 kear ûndertekene. En om noch mear stipe te krijen, binne sneon nochris 6.000 kopyen útdield ûnder winkelpublyk en ynwenners fan Warkum. Doel is om alle beswierskriften tsjin de plannen fan de campingeigener yn febrewaris oan de gemeente Súdwest-Fryslân oan te bieden.

Westermeier: "Wij denken namelijk dat de bouw van 4,5 meter hoge gebouwen ten koste gaat van de natuurschoonheid van de gehele IJsselmeerkust, wat het toerisme uiteindelijk niet ten goede zal komen."

Protest yn it sintrum fan Warkum - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)