"Konkurrinte fan Marit Bouwmeester kin net goed mei druk omgean"

Mei allinnich de medal race noch te gean stiet sylster Marit Bouwmeester twadde yn de Laser Radial-klasse op de Olympyske Spelen. De Wartense regearjend kampioene begûn min oan har jacht op in nije gouden medalje, mar se leit no wer op medaljekoers. Wat binne har kânsen?
Marit Bouwmeester © ANP
We freegje it oan sportferslachjouwer Roelof de Vries. Roelof, wat moat der gebeure foar Bouwmeester om goud te pakken?
"Yn de medal race fan snein telle de punten dûbeld. Neidiel foar Marit is dat allinnich de bêste tsien fan it klassemint dan meidogge. Se moat fjouwer plakken boppe de Deenske Rindom einigje. Dus as Marit earste wurdt, dan moat Rindom fyfde of leger wurde, by in twadde plak moat Rindom sechsde wurde ensafuorthinne."
Hoe skatsto har kânsen yn op olympysk sukses?
"Op papier is Rindom de favoryt. Sy hat 64 punten en Marit 71. Mar Rindom hat it wol dreech mei de druk. Se krige earder dit toernoai in straf. Se tocht doe dat se net fierder mocht en hold op. En dat wie nochal in flater, want se hie troch sile mochten."
Omdat Rindom wol faker 'choket', fyn ik it wol realistysk.
Neffens Roelof de Vries kin Bouwmeester noch wol hoopje op goud
Hat Rindom faker lêst fan de druk?
"Dat kinst wol sizze, sy kin der net goed mei omgean. Op it EK fan 2020 barde der ek wat bizars. Mei noch twa races te gean hie Rindom 20 punten foarsprong op Bouwmeester. Rindom wurdt 19e en 16e yn de lêste races. Marit 2e en 1e en waard dêrmei dochs noch Europeesk kampioen."
Dus hoe realistysk is goud?
"Omdat Rindom wol faker 'choket', fyn ik it wol realistysk. Mar ik soe der gjin jild opsette. It kin, mar Rindom is de favoryt."
Moat Bouwmeester ek noch benaud wêze dat se sulver ferliest?
"Foar sulver hat se konkurrinsje fan Olsson út Sweden en fjouwer oare sylsters. It gat mei de nûmer trije Olsson is acht punten. As Marit by de earste fjouwer einiget, is se wis fan sulver."
Hoe fynst dat Bouwmeester it dit toernoai dien hat oant no ta?
"Hiel goed en hiel min. De earste dei sylde se nei in 21e en 14e plak. Dat is net des-Marits. Dêrnei hat se ek pech hân mei in falske start, wêrfan har coach en broer Roelof seit dat er deroan twivelet. Mar se krije net de bylden fan de sjuery om te tsjekken oft it kloppet.
Mar goed, se hat nei dy minne earste dei wol in stik better syld. Troch wat gelok en troch goed silen stiet se no op sulver. Dy medalje boeit har net trouwens. Se hat alris sein dat se net snapt wêrom't der ek in sulveren en in brûnzen medalje jûn wurde, want der telt mar ien plak."
De medal race stiet op it programma foar snein om 8.33 oere.

Klassemint nei tsien fan de alve races

Namme Utslach Totaal
1. Anne-Marie Rindom (Denemarken) 6, 5, 3, 13, 4, 4, 2, 1, 26, DNF (45) 64
2. Marit Bouwmeester 21, 14, 7, 2, 3, 9, DSQ (45), 7, 1, 7 71
3. Josefin Olsson (Sweden) 34, 15, 8, 4, 1, 6, 4, 9, 22, 10 79
4. Sarah Douglas (Kanada) 18, 4, 4, 26, 8, 24, 13, 5, 4, 2 82
5. Emma Plasschaert (België) 10, 17, 11, 8, 6, 5, 5, 4, 17, 21 83
6. Silvia Zennaro (Italië) 13, 20, 2, 6, 17, 11, 3, 10, 9, 13 84
7. Tuula Tenkanen (Finlân) 9, 6, 14, 33, 5, 3, 6, 3, 32, 9 87
8. Line Flem Høst (Noarwegen) 20, 3, 1, 3, 10, 25, 12, 6, 24, 22 101
9. Vasileia Karachaliou (Grikelân) 2, 19, 6, 1, 21, 21, 9, 26, 19, 8 106
10. Alison Young (Feriene Keninkryk) 24, 8, 9, 20, 12, 12, 10, 8, 14, 27 117
De sylsters meie har minste resultaat skrasse. Yn it gefal fan Bouwmeester is dat dus har diskwalifikaasje. Dat soe har oars 45 punten opsmite. Foar Rindom jildt itselde.