Partoer Marten Bergsma wint ek yn Seisbierrum

31 jul 2021 - 16:34

Mei noch fjouwer dagen oant de PC hat it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra it haadklassekeatsen yn Seisbierrum wûn. Yn de finale waard it 5-3 en 6-4 tsjin Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten.

Hendrik Kootstra, Dylan Drent en Marten Bergsma - Foto: www.orange-pictures.nl

Bergsma en dy wûnen ôfrûne snein it keatsen yn Arum ek al. Yn Seisbierrum hellen se de finale nei oerwinningen op it partoer fan Haye Jan Nicolay (5-0 en 6-0) en yn de heale finale op dy fan Youri de Groot (5-4 en 6-0). Dat partoer pakte de lytse preemje.

Harkje nei winner Dylan Drent en ferliezend finalist Enno Kingma

It partoer fan Kingma wie yn de earste twa omlopen te sterk foar Peter van Zuiden (5-1 en 6-2) en foar Tjisse Steenstra (5-3 6-6).

Sijbrandij stelt oarder op saken

By de froulju, dy't ek yn Seisbierrum keatsten, gong de winst sa as sa faak nei Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Ofrûne snein gongen se foar it earst dit seizoen ûnderút yn de finale, dat barde diskear net.

Sijbrandij en dy stienen yn de earste en twadde omloop wol beide kearen trije buordsjes ta, mar yn de finale tsjin Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma wienen se oppermachtich: 5-0 en 6-0.

Dat wie ek de útslach yn de striid om de lytse preemje. Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia fersloegen Aletta van Popta, Mintje Meintema en Miranda Scheffer mei dy sifers.

Snein Wytmarsum

Snein komme de manljus- en frouljushaadklassers op 'e nij yn aksje, beide yn Wytmarsum. Foar de manlju is dat de lêste wedstriid foar de PC.

Winner Nynke Sijbrandij en ferliezend finalist Annelien Broersma

(Advertinsje)
(Advertinsje)