RIVM: 100 besmettingen, opnij ien stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 100 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der sân mear as freed. Doe gie it om 93 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 109 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 115, in wike lyn op 175.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert, mei 19 besmettingen. Dêrnei komme Hearrenfean (17), Súdwest-Fryslân (14) en Waadhoeke (12). Trije gemeenten melde gjin nije besmettingen: It Amelân, Harns en Skiermûntseach.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Der is yn de ôfrûne dei ien Fries opnaam yn it sikehûs, dat is in ynwenner fan Waadhoeke.

Ien stjergefal

Yn de ôfrûne 24 oeren is der wer ien Fries ferstoarn as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Harns. Dat wie woansdei en freed ek al it gefal.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.983. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 3.829 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.