Rommelmerk Makkingea set wer útein nei coronastilte, mar falt hast yn it wetter

31 jul 2021 - 14:50

Efkes lekker op in rommelmerk omspane op syk nei datjinge wat je krekt nedich ha. In goedkeap skilderij of in fertrape fuotbal. It wie der troch de corona al in jier net mear by, mar sneon giet it yn Makkingea einlik wer los. Al falt it fuort wer yn it wetter.

De rommelmerk yn Makkingea

"Zakken chips: drie halen, twee betalen!" It klinkt wer as fanâlds yn it sintrum fan Makkingea. In ferkeaper ropt de nijste oanbiedingen troch de strjitte fan it doarp.

"Ik fyn it fantastysk om alle minsken wer sa entûsjast te sjen", seit Kees Gorter fan it doarpsbelang. Hy stiet by it kreamke om te sjen oft der noch wat foar him tusken sit. "Inkelde ferkeapers steane hjir al mear as 40 jier. Dan is it skande dat it sa lang stil leit. It waar is striemin, mar dochs binne se der wer. Dat seit genôch."

De rommelmerk yn Makkingea falt yn it wetter - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie op de rommelmerk yn Makkingea

Wylst Gorter fierder rint om de merk te besjen, komt der in grutte bui. Gau romje alle merkkeaplju it guod op. Mei in grut swart seil besiket ferkeapster Eeuwkje Klijnstra har guod te beskermjen.

"Wy stean hjir no foar it earst," seit se. "Miljonêr binne we noch net, mar we ferkeapje wol lekker hear. It giet net om it jild, we wolle gewoan de gesellichheid. Dy ha wy mist om't we al in jier binnen sitte. It waar makket my dan neat út, as we mar wer wille ha!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)