Omrop TIP: Beklimmers fan it flakke lân (diel 4): Sûnens

It fleurige byld fan de fitte, sûne plattelânsbewenner kloppet net mei de werklikheid. Sûnens is it tema yn diel fjouwer fan de FryslânDOK-searje Beklimmers fan it flakke lân. Te sjen op 31 july by NPO 2 en op 1 augustus by Omrop Fryslân. Der heart ek in podcast by: dêryn prate wy mei Herman Lelieveldt.
Neffens politikolooch Herman Lelieveldt, ferbûn oan University College Roosevelt, hat de frije merk net it bêste mei de befolking foar, as it giet om sûnens. Minsken binne net yn steat om de ferlokkingen fan goedkeap en net-sûn iten te wjerstean. Benammen de plattelanner is dêr gefoelich foar. De oerheid moat mear stjoering jaan, sa fynt Lelieveldt.

Heilsum

Bûten wenje soe sûner wêze as yn 'e stêd. Dêr is mear romte, frisse lucht, in stadiger tempo en minder stress. In heilsume omjouwing foar lichem en geast.
Mar út ûndersyk docht bliken dat de plattelânsbewenner fan no te lijen hat fan wolfeartssykten as stress, oergewicht en groanyske kwalen, sels mear as trochsneed. Wat hat it fleurige imago fan de sûne bûtenminske ûnderút helle?

Blue zone

Jon Brouwers is húsdokter yn Bakkefean. Sy yntrodusearre in nij konsept fan sûnenssoarch yn har doarp yn it boskrike súdeasten fan Fryslân. Gjin pillen, mar in oare libbensstyl soe de oplossing wêze foar de measte âlderdomskwalen.
Mei sa'n 40 frijwilligers wol Brouwers fan Bakkefean in 'blue zone' meitsje. In plak dêr't minsken minder siik binne en lokkiger âld wurde.
Ald-bioboeren Asse Aukes (l) en Elias van der Werf © Omrop Fryslân

Sûne omgong mei de natoer

Asse Aukes en Elias van der Werf buorken op de grutste biologyske pleats fan Fryslân, doe't FryslânDOK dêr tweintich jier lyn in film makke. Twa boeren, yntusken mei pensjoen, dy't sûnens sjogge as wat dat begjint by in bettere en sûnere omgong mei de natuer.
Beklimmers fan it flakke lân © Omrop Fryslân

Beklimmers

Mei de searje Beklimmers fan it flakke lân jout FryslânDOK romte oan nije inisjativen, faak lytsskalich en lokaal, basearre op grutte ideeën en idealen. Fan pluktunen oant technologyske ynnovaasjes, fan in 'Blue Zone' oant nije foarmen fan demokrasy. Alle njoggen ôfleveringen hawwe in eigen tema: perspektyf, natuer & lânskip, lânbou, sûnens, it doarp fan de takomst, jongelju, bestjoer, spiritualiteit en, as lêste, de Fryske kultuer. De plannen en ideeën komme fan wittenskippers en fan de plattelânsbewenners sels.
De FryslânDOK-searje is makke troch programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma. It kamerawurk is fan Jan Bensliman en Bauke de Haan die de montaazje.
Albert Jensma, Jan Bensliman en Bart Kingma © Omrop Fryslân
FryslânDOK, Beklimmers fan it flakke lân, diel 4: Sûnens (in werhelling fan 20/21 febrewaris)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.