Keunstwurk 'Broken Jug' yn oktober pleatst yn Harns: ljocht bringt it ta libben

31 jul 2021 - 12:26

Yn oktober wurdt lang om let it keunstwurk Broken Jug by de slûzen yn Harns pleatst. Yn novimber folget noch in offisjele iepening. Oft it allegearre slagget om alles ree te krijen is noch wol spannend, mar dizze wike is al wol de ferljochting test op it gigantyske keunstwurk fan Frank Stella.

It ljochtplan foar it byld lit twa kleuren sjen, amber en blau. It ljocht beweecht mei it tij mei. By eb kleuret it Amber as de floed komt wurdt it byld blau.

Ljochtplan

Iris Dijkstra fan Atelier Lek út Rotterdam hat mei Tomas Danielse it ljochtplan betocht op de kompjûter mei in model fan de Broken Jug. By de test yn it echt kaam it byld neffens har ta libben. "Je ziet elke keer andere details, heel mooi."

De ferneamde Amerikaanske keunstner Frank Stella makke it byld al yn 2001. It is 14 meter heech en 45 ton swier. Oerol-oprjochter Joop Mulder hat derfoar soarge dat it byld yn Harns kaam. Mulder, dy't dit jier ferstoar, beluts Broken Jug yn it konsept Sense of Place as ien fan de lânskipsprojekten om it Waadgebied as UNESCO Wrâlderfgoed sichtber te meitsjen voar in breder publyk.

Broken Jug sil begjin oktober pleatst wurde by de yngong fan it langparkearterrein foar eilângongers by de Tsjerk Hiddeslûzen.

Landmark

Neffens Iris Dijkstra is it byld skylk fan alle kanten goed te besjen. It komt op fjouwer poaten te stean en wurdt dêrtroch in bepalend 'landmark'.

Iris Dijkstra - Foto: Atelier Lek

"Door de verlichting zie je iedere keer weer andere details. Het is ongekend om te werken met het beeld van zo'n beroemde kunstenaar", seit Dijkstra. De lampen en kabels binne besteld en sy hopet dat alles op tiid komt, want ek foar dit guod binne tsjintwurdich lang.

(Advertinsje)
(Advertinsje)