Judoka Tornike Tsjakadoea rint opnij brûnzen medalje mis

31 jul 2021 - 10:54

Tornike Tsjakadoea hat opnij krekt gjin brûnzen medalje wûn op de Olympyske Spelen. Mei it Nederlânsk mingd judoteam ferlear er de striid om in brûnzen medalje fan Dútslân: 2-4.

Tornike Tsjakadoea nei it ferlies tsjin Dútslân - Foto: ANP

Nederlân en Dútslân ûntrûnen elkoar net in soad yn de striid om it brûns. Van Dijke sette Nederlân op foarsprong, mar nei ferlies fan Van 't End en Steenhuis kamen de Dútsers op 2-1. Grol brocht mei in oerwinning beide lannen wer yn lykwicht: 2-2.

Troch ferlies fan Verhagen kaam de druk op de skouders fan Tsjakadoea, dy't hast foar in ûnmooglike opdracht stie. Hy moast tsjin Sebastian Seidl, dy't gewoanwei judoot yn de klasse oant 73 kilo. Dat is twa klassen swierder as dy fan Tsjakadoea.

Ferlies yn de golden score

It waard in lange wedstriid: de twa judoka's krigen it net foarelkoar om yn de earste fjouwer minuten te skoaren, dus kaam der in golden score. Omdat Tsjakadoea syn tredde straf krige, gong de winst nei Seidl.

It is de twadde kear dizze Olympyske Spelen dat Tsjakadoea de striid om it brûns ferliest. Yn it yndividuele toernoai wie er ek ticht by in medalje, mar gong er ûnderút nei yngripen fan de fideoskiedsrjochter.

Nederlân moast om it brûns stride, omdat yn de heale finale Frankryk fierstente sterk wie. Dy wûnen mei 4-0. Tsjakadoea ferlear syn wedstriid op ippon fan Guillaume Chaine. De Frânsman judoot yn de klasse oant 73 kilo, twa klassen swierder as dy fan Tsjakadoea.

Earder yn it teamtoernoai wûn Nederlân fan Oezbekistan yn de earste ronde en fan Brazilië yn de heale finale. Yn beide gefallen ferlear Tsjakadoea syn eigen wedstriid. Hy wie beide kearen foars yn it neidiel, omdat syn tsjinstanner in stik swierder wie.

It teamûnderdiel is nij op de Olympyske Spelen. Trije manlju en trije froulju judoje tsjinelkoar. It giet derom hokker lân fjouwer wedstriden wint.

It Nederlânske team bestie út Tornike Tsjakadoea, Sanne van Dijke, Noël van 't End, Guusje Steenhuis, Henk Grol en Sanne Verhagen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)