Omrop Fryslân makket dit jier wer trije PC Kafees

Der binne dit jier trije spesjale PC Kafees wêryn't wy foarút sjogge op de langferwachte PC fan woansdei 4 augustus. Op sneon 31 july, snein 1 augustus en tiisdei 3 augustus hat presintator Geert van Tuinen ferskate gasten. Wykeins fan 11.00 oant 12.00 oere en op tiisdei 3 augustus fan 18.00 oant 19.00 oere.
© Omrop Fryslân
Dit binne de gasten, kollumnisten en artysten:

Sneon 31 july

Te gast is Erik Seerden, de lêste kening op sokken. Hy waard yn 1991 kening fan de PC. Ek oan tafel ien fan de preemjewinners, Cees Punter. Beiden sjogge werom op de PC fan tritich jier lyn.
Ek oan tafel de Harnzer sjonger Wiebe van Dijk. Van Dijk, ek wol bekend as riedslid fan Harns, hat nea in PC keatst, wylst hy dochs wol goed keatse koe. Hy leit út hoe't dat sa kommen is. Kollumnist is sjoernalist Bouke Poelsma en de livemuzyk komt fan it duo Tegare.

Snein 1 augustus

De snein is tradisjoneel de nostalgydei by it PC Kafee. Oan de stamtafel sitte twa winners fan de PC fan fyftich jier lyn: Reitse Mienstra en Jarich van der Veen. Sy wûnen yn 1971 de PC en troch Reitse Mienstra waard de keningspriis ûnderwerp fan diskusje.
Tjisse Wallendal is der ek. Hy wûn yn 1981 de PC. It soe de iennigste PC-oerwinning wurde yn syn keatskarriêre, mar troch syn Belgyske want wie hy wol in spektakulêr keatser.
Ina van der Lei is der ek. Sy wie ea de earste frou op de telegraaf by de PC. De kollum komt fan sjoernalist Bonne Stienstra en ek dan is de muzyk fan it duo Tegare.
Argyfbyld fan it PC Kafee © Omrop Fryslân

Tiisdei 3 augustus

Op de dei foar de PC is Marten van der Leest te gast. Tsien jier lyn begûn hy blessearre oan de PC. Mei syn maten oerlibbe hy de earste omloop, mar doe waard hy troch dyselde maten oan de kant set. In nea earder fertoand drama op de PC. Marten sjocht werom op dy kwestje.
De pake fan keatser Laas Pieter van Straten ('Pake Laas') is alle wiken by it keatsen. Opfallend, want hy sjocht amper wat. Hy fertelt yn PC Kafee oer syn passy.
Der komt in oantal PC-debutanten en ek boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke en PC-foarsitter Ids Hellinga skowe oan om te fertellen hoe't it allegear regele is mei dizze PC ûnder bysûndere omstannichheden. Sjongster Janneke Brakels fersoarget de kollum en livemuzyk is der fan Vangrail.
PC Kafee is sneon 31 july en snein 1 augustus fan 11.00 oant 12.00 oere op de radio te folgjen. Tiisdei 3 augustus is PC Kafee jûns fan 18.00 oere oant 19.00 oere. It programma is nei de útstjoering op de radio werom te harkjen op de programmapagina.
Woansdei 4 augustus stjoert Omrop Fryslân fan 14.00 oere ôf de wichtichste keatspartij fan it jier út op telefyzje. Earst mei in gearfetting en dêrnei live keatsen. Fan 09.30 oere ôf is de PC ek te folgjen op de radio en online. De PC-sfear is de hiele dei te belibjen by Omrop Fryslân.