Sytse Bokma wint fierljepstriid Bûtenpost, mar net alle topklassers diene mei

30 jul 2021 - 22:06

Yn Bûtenpost waard Sytse Bokma fan Hylpen mei syn twadde sprong fan 19,11 meter de winner yn de topklasse fan de senioaren by it fierljeppen. Mei trochdat der ferskate topklassers net meidiene yn Bûtenpost, is Bokma no ek de nije lieder yn it klassemint.

Foto: Martin de Jong

De feestwikewedstryd yn Bûtenpost waard foar de 45e kear hâlden en is dêrmei de âldste wedstryd op in fêste akkomodaasje yn Nederlân.

Net alle topklassers diene mei oan de achtste wedstriid fan de kompetysje. Fjouwer fan de acht hiene harren ôfmeld, nei alle gedachten mei it each op de Nationale Fierljep Manifestatie dy't sneon yn It Heidenskip is.

Sadwaande diene manlju as Oane en Ysbrand Galama en Nard Brandsma net mei. Der waarden yn Bûtenpost mar twa sprongen dien, om't it tuskentroch noch flink reinde en it al gau net mear ljocht wie bûten.

It twadde plak by de senioaren gie nei Jan Teade Nauta fan Drylts (18,42 meter) en it tredde plak nei Age Hulder fan Tytsjerk (17,47 meter).

Sytse Bokma nei syn oerwinning:

Kramer wint by de froulju

By de froulju gie de oerwinning nei Tessa Kramer fan It Heidenskip mei 14,46 meter. Sigrid Bokma fan Hylpen waar mei 13,77 meter twadde en Boukje de Boer fan It Heidenskip mei 13,56 meter tredde.

Under de junioaren waard Rutger Haanstra fan It Heidenskip mei 17,95 meter earste. Dêrnei folgen Peter Faber fan Oldehove en Wisse Broekstra fan Tsjummearum mei 17,34 en 17,18 meter.

Persoanlik rekôr foar Bouwstra

By de famkes gie it earste plak nei Inger Haanstra fan It Heidenskip, sy ljepte 13,66 yn har twadde sprong. Berber de Vries fan Mantgum (13,04 meter) en Sanne Bouwstra fan Reduzum (12,98 meter) waarden twadde en tredde. Bouwstra sprong mei har 12,98 meter in nij persoanlik rekôr. Dat lei op foar de wedstriid yn Bûtenpost op 12,59 meter.

Auke Jan Jilderda fan Burgum kaam mei 15,83 meter it fierste by de jonges. Twadde en tredde waarden Douwe Abma fan Hommerts (15,59 meter) en Arend Veenstra (15,41 meter) fan Surhuzum.

Yn de oergongsklasse gie it earste plak nei Alwin Fonk fan Burgum. Hy ljepte syn fierste seizoenssprong mei 18,32 meter. Syn persoanlik rekôr leit op 19,97, mar yn dit seizoen wie hy noch net fierder kaam as 18,14 meter. It twadde en tredde plak gie nei Daan de Vries fan Hurdegaryp (16,54 meter) en Tsjebbe Galema fan Boalsert (16,05 meter).

Trefwurden: 
fierljeppen Bûtenpost
(Advertinsje)
(Advertinsje)