Fryske fideoskieds op de Spelen: "In hiele belibbing, mar wol mei beheiningen"

Fideoskiedsrjochter Koos Nederhoed fan Drylts is op dit stuit yn Tokio oan it wurk by it follybal op de Olympyske Spelen. "It is in hiele belibbing, ik bin wol grutsk dat ik hjir sit," seit hy. "Ik wurkje mei trije technisy efter de skerms. As der wat ûndúdlik is, dan moat ik útsykje oft it terjochte is of net. Ik moat yn feite de einbeslissing jaan."
Koos Nederhoed © Orange Pictures
"Wy hawwe twa wedstriden op in dei, tongersdei bygelyks om 09.00 en 11.00 oere," seit Nederhoed. De pûlwedstriden rinne oant en mei moandei, dêrnei folgje de kwartfinalen, heale finalen en finalen.

Ferrassing

It kaam ûnferwachte dat hy oproppen waard foar de Spelen. "Yn april hat de presidint fan de ynternasjonale kommisje my belle om te freegjen oft ik beskikber wie yn july en augustus. Myn holle stie doe hielendal net nei follybal, mar ik sei ja. Hy sei: dat is moai, want do giest nei de Olympyske Spelen. Dêr wie ik wol wiis mei."
Fideoskiedsrjochter Koos Nederhoed fan Drylts
Fansels hy Nederhoed al wol de nedige ûnderfining. "Yn 2018 bin ik opholden as ynternasjonaal skiedsrjochter en yn febrewaris 2019 waard ik frege foar it challenge team. Yn april haw ik doe fuort mei west nei Argentinië. Dat hat in foardiel west, want doe seagen sy wat ik koe. Ik tink dat it dêrom sa rûn is dat ik no nei de Spelen mocht."

Coronamaatregels

Dêrnei begûn it tarieden mei alle prikken, formulieren en it hiele sirkus, sa't Nederhoed it seit. En fanwegen it coronafirus komt der in soad by sjen: "Je moatte de temperatuer mjitte, alle dagen in test dwaan, de gegevens yn in app sette. Ek moat de GPS oan stean, want je meie net bûten bepaalde gebieten komme. Je geane nei de hal, dêr binne de wedstriden, en dêrnei ite je wat en geane je werom."
Ik sei al foar de grap: as je in hûn hawwe wurde je faker útlitten as wy hjir yn Tokio.
Fideoskiedsrjochter Koos Nederhoed
Folle fierder as nei de hal en werom komt de fideoskiedsrjochter dus net. "Ik sei al foar de grap: as je in hûn hawwe wurde je faker útlitten as wy hjir yn Tokio. It is wol hartstikke spitich. Je sjogge fan alles op telefyzje, mar je meie der net hinne. Je kinne net kontakt hawwe mei it olympysk doarp."
Dochs genietet Nederhoed der fan. "It is goed foar de kontakten en it Nederlânsk follybal. Ik hoopje mei in soad ferhalen werom nei hûs te kommen."