Utnaaide harten yn Feankleaster: "Sy springe gewoan oer it stek hinne"

30 jul 2021 - 20:12

Sy ite de blommen út de tunen wei of steane samar midden op 'e dyk yn it doarp. De harten fan Feankleaster nimme it der fan, mar hearre eins efter in stek. Geregeld naaie de harten út it hartekamp wei yn de bosk by Fogelsangh State. "Sy springe gewoan oer it stek hinne", fertelt boskwachter boswachter Geert Postma.

Yntusken binne der noch mar fjouwert harten oer yn it hartekamp. Dat kamp is boud yn it earste part fan de 19e iuw. Gewoanwei komme der in soad kuierders. No't der ferskate harten útnaaid binne, wurdt it gersfjild leger en leger.

Sleat útgrave

Sadwaande is kraanferhierder Jelle Koree sûnt tiisdei dwaande yn de bosk. "Wy grave no de âlde sleat út", fertelt hy. "Dan kinne se as it goed is net mear oer it stek hinne springe." It stek om it hartekamp hinne is net folle mear as in meter heech. Om't de âlde sleat oan de binnenkant fan it stek stadichoan tichtgroeid is, kinne de bisten der maklik út ûntsnappe.

"Je kinne se dêrom oantreffe yn it doarp en op 'e wei", sa seit boskwachter Postma. "Mei it ferkear is dat linke soep. Sy kinne samar út de boskjes stappe." As de sleat aanst útgroeven is, sil Postma besykje de útnaaide harten te fangen. "Mei wat fretten miskien, want as je der achteroan rinne, hâlde je se net by."

Trefwurden: 
feankleaster harten
(Advertinsje)
(Advertinsje)