Hurdfytster Anouska Koster tredde yn einklassemint Frânske koers

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen is tredde wurden yn it einklassemint fan de Tour de Belle Isle en Terre - Kreiz Breizh. De 27-jierrige Koster fytst foar Team Jumbo-Visma en pakte njonken it tredde plak ek de puntetrui.
Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen © Orange Pictures
Ploechgenoat Anna Henderson helle nei de earste ek de twadde en de lêste etappe binnen fan de koers oer meardere dagen.
"Dit wie echt in teamprestaasje. Eltsenien wie hiel sterk. As it dan allegearre slagget, dan is it echt moai om te koersen. Ik haw der fan geniete", seit Koster. "It meast wichtige is dat de ploech wûn hat. Oft ik it no bin of in oar, dat makket net út. Hjir dogge je it allegearre foar: mei-inoar winne."

Tongersdei yn de oanfal

Yn de etappe fan tongersdei spile Koster in grutte rol. Sy wie ien fan de froulju dy't mei ferskate oanfallen de koers hurd makke. Koster besocht yn de slotklim noch om fuort te fytsen, mar waard wer werompakt. Koster waard tredde.